Panama City Beach (Floarida)

Panama City Beach is in stêd yn Bay County, yn it noardwesten fan 'e Amerikaanske steat Floarida, dêr't it yn 'e Florida Panhandle oan 'e saneamde Smaragdkust (Emerald Coast) fan 'e Golf fan Meksiko leit. Panama City Beach is in baaiplak en in populêre fakânsjebestimming. Fanwegen syn 14 km oan unike hagelwite strannen fiert de stêd as biedwurd the World's Most Beautiful Beaches ("Wrâlds Moaiste Strannen"). Oars as dat gauris tocht wurdt, is Panama City Beach net in ûnderdiel fan it gruttere en âldere Panama City, mar in selsstannige gemeente. Panama City Beach hie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe sa'n 12.000 ynwenners. It heart ta de stêdekloft fan Panama City-Lynn Haven, dy't in befolking hat fan krapoan 170.000 minsken.

Panama City Beach
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Floarida
County Bay County
Sifers
Ynwennertal 12.018 (2010)
Oerflak 48,2 km² (ynkl. wetter)
47,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 250 / km²
Stêdekloft Panama City
Hichte 3 m
Oar
Stifting 1939
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 30°10′36″N 85°48′20″W
Offisjele webside
www.pcbgov.com
Kaart
De lizzing fan Panama City Beach yn Bay County en yn 'e steat Floarida.

Skiednis bewurkje seksje

 
De see by Panama City Beach.

Panama City Beach waard yn 1939 stifte. Yn 1960 wie it noch mar in útbuorren mei 36 ynwenners, in befolkingsoantal dat yn 'e tsien jier dêrnei hast ferdûbele ta 67. Pas tusken 1970 en 1980 kaam de ûntwikkeling fan it gebiet fan 'e grûn. Yn 1977 krige Panama City Beach stedsrjochten, en yn 1980 wiene der 2.148 ynwenners. Sûnt is it plak stadichwei trochgroeid, fia goed 4.000 ywenners yn 1990 en krapoan 7.700 yn 2000, nei goed 12.000 yn 2010.

Sûnt de iere jierren tachtich hat Panama City Beach him ûntwikkele ta in populêre fakânsjebestimming. Dat is benammen it gefal ûnder de beruchte spring break, de foarjiersfakânsje fan 'e Amerikaanske universiteiten. Doe't yn 1985 de autoriteiten yn Fort Lauderdale, dat oant doe ta de populêrste spring break-bestimming wie, dêr it near op leine fanwegen de oerlêst dêr't jonge feestfierende toeristen foar soargen, wie Panama City Beach ien fan 'e baaiplakken dy't yn it gat sprongen. Sûnt is it ien fan 'e wichtichste spring break-bestimmings fan 'e Feriene Steaten wurden, mei yn maart/april jiers mear as 100.000 toeristen.

Fan 2000 oant 2005 fûn der yn Panama City Beach in bou-boom plak, wêrby't âldere huzen en motels wike moasten foar hege hotels en apparteminteflats en lúksueuze wenten. Fan gefolgen is ûnreplik goed mei frij útsicht op it strân no seldsum wurden, en sadwaande binne huzen oan it strân sûnt de milenniumwiksel ferfjouwerfâldige yn priis.

Demografy bewurkje seksje

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Panama City Beach 15,5% âlder as 65 jier en 18,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 40,8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst neffens gegevens út 2000 5,0% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

 
Ripley's Believe It Or Not, in populêr museum yn Panama City Beach.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 83,7% blanken; 5,8% Latino's; 2,7% Aziaten; 2,3% swarten; 0,6% Yndianen; 4,9% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e blanken wie fierders 17,7% fan Ingelsk komôf, 17,4% fan Dútsk komôf, 14,8% fan Iersk komôf, 11,1% fan Angelsaksysk Amerikaansk komôf, 3,6% fan Italjaansk komôf en 3,1% fan Frânsk komôf.

Klimaat bewurkje seksje

Panama City Beach hat in fochtich subtropysk klimaat, mei lange, hjitte en neare simmers en koarte, mylde winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32,3 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 17,4 °C. Panama City Beach kriget jiers trochinoar 1.552 mm delslach. De stêd leit yn 'e gefaresône foar orkanen; de lêste dy't deunby kaam wie de orkaan Earl, yn 1998.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.