In panhandle, letterlik: "panhânsel", is in ynformele Amerikaansk-Ingelske term foar in skerp útstykjend geografysk part fan in Amerikaanske steat. De oantsjutting is ûntliend oan in stâlpanne of in stropanne, dy't beide lange, fansiden útstykjende hânsels hawwe.

De tsien panhandles oanjûn op in kaart fan 'e Feriene Steaten.

Amerikaanske panhandles bewurkje seksje

De Feriene Steaten telle tsien gebieten dy't wol omskreaun wurde as panhandles:

gebiet omskriuwing oerflak ynwenners grutste stêd
de Panhandle fan Alaska it útstykjende súdeastlike diel fan 'e steat Alaska 91.010 km² 72.000 Juneau
de Panhandle fan Floarida it útstykjende noardwestlike diel fan 'e steat Floarida 29.275 km² 1.400.000 Tallahassee
de Panhandle fan Idaho it útstykjende noardlike diel fan 'e steat Idaho 54.419 km² 318.000 Coeur d'Alene
de Panhandle fan Konettikut it (tige lytse) útstykjende súdeastlike diel fan 'e steat Konettikut 249 km² 224.000 Stamford
de Panhandle fan Marylân it útstykjende westlike diel fan 'e steat Marylân 5.682 km² 493.000 Frederick
de Panhandle fan Nebraska it útstykjende noardwestlike diel fan 'e steat Nebraska 36.925 km² 88.000 Scotsbluff
de Panhandle fan Oklahoma it útstykjende noardwestlike diel fan 'e steat Oklahoma 14.728 km² 29.000 Guymon
de Panhandle fan Teksas it útstykjende noardlike diel fan 'e steat Teksas 66.884 km² 428.000 Amarillo
de Eastlike Panhandle fan West-Firginia it útstykjende eastlike diel fan 'e steat West-Firginia 9.062 km² 261.000 Martinsburg
de Noardlike Panhandle fan West-Firginia it útstykjende noardlike diel fan 'e steat West-Firginia 1.556 km² 132.000 Wheeling

Dêrby moat oantekene wurde dat de Panhandle fan Alaska ornaris bekend stiet as Súdeast-Alaska en dy fan Marylân as West-Marylân. Hoewol't ek de steat Utah yn it noardwesten in útstykjend diel hat, wurdt dat frjemd genôch nea in panhandle neamd.

Oar gebrûk fan 'e term bewurkje seksje

It gebrûk fan 'e term panhandle is yn 'e regel beheind ta de Feriene Steaten. Soms wurdt yn Amerikaanske literatuer in útstykjend diel fan in oar lân of subnasjonaal gebiet foar in panhandle oanmurken, lykas it noardlike diel fan it Kanadeeske Yukon-territoarium, it westlike part fan Eastenryk (besteande út Foararlberch, Tiroal en Saltsburch) of de Kaprivy-stripe fan Namybje. As men nei de kaart fan Fryslân sjocht, dan soe bygelyks it âlde Skoatterlânske diel fan 'e gemeente It Hearrenfean (mei plakken as Nijhoarne en Jobbegea) foar in panhandle oanmurken wurde kinne. In skiereilân, dat op deselde manear útstykje kin, wurdt lykwols nea as panhandle oantsjutten; it gebrûk fan 'e term is beheind ta gebieten dy't (fierhinne) omjûn wurde troch lân.

Bootheels bewurkje seksje

In útstykjend diel fan in Amerikaanske steat dat minder breder is as dat it lang is, wurdt yn 'e regel net in panhandle, mar in bootheel ("learshakke") neamd. Foarbylden fan sokke kriten binne de Hakke fan Missoery, yn súdeastlik Missoery; de Hakke fan Alabama, yn súdwestlik Alabama; de Hakke fan Mississippy, yn súdeastlik Mississippy; en de Hakke fan Nij-Meksiko, yn súdwestlik Nij-Meksiko.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.