Parktsjerke (Ljouwert)

De Parktsjerke (offisjeel: Parkkerk) is in tsjerkegebou fan de Baptistegemeente oan de Jan fan Scorelstrjitte yn Ljouwert. It tsjerkegebou út 1955 hat de status fan in gemeentlik monumint.

Parktsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Jan van Scorelstraat 76
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1955
arsjitekt S. Riddersma
offisjele webside
Side fan de Parktsjerke

Skiednis bewurkje seksje

De tsjerke waard yn 1955 as ienskepige sealtsjerke boud foar de grifformearde gemeente fan Huzum-West. Yn 1996 ferkochten de grifformearden it gebou oan de baptisten, dy't foar dy tiid harren tsjerke hiene oan de M.H. Trompstrjitte yn de Seeheldenbuert.[1]

De Baptisten hawwe al sûnt 1896 in gemeente yn Ljouwert.[2]

De baptistegemeente fan 'e Parktsjerke ferwolkomme anno 2018 sneins nei eigen sizzen sa'n 120 folwoeksenen en 20 bern.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://reliwiki.nl/index.php/Leeuwarden,_Jan_van_Scorelstraat_76_-_Parkkerk
  2. http://parkkerk.nl/pagina/20/geschiedenis/
  3. Wie gaat waar naar de kerk?, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2018, s. 37.