Pasco (Washington)

Pasco is de haadstêd en grutste stêd yn Franklin County yn de Amerikaanske steat Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 57.781 ynwenners en op 1 april 2013 neffens in rûzing 65.600 ynwenners. It is de op ien nei grutste stêd fan de stêdekloft fan de Trije Stêden Tri-Cities. De oare 2 stêden binne Richland en Kennewick. Pasco leit op de noardwâl fan de rivier de Kolumbia tsjinoer Kennewick.

Pasco
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington.
County Franklin County
Boargemaster Matt Watkins
Sifers
Ynwennertal 59.781 (2010)
Oerflak 88,27 km²
Befolkingsticht. 756,8 / km²
Stêdekloft Tri-Cities: 253.340 (2010)
Hichte 118 m
Oar
Stifting 1880
Postkoade 99301, 99302
Tiidsône Pacific (PST) UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
pasco-wa.gov
Pasco Stêdhûs

Skiednis bewurkje seksje

Op 16 oktober 1805 kampearde de Lewis en Clark Ekspedysje flakby it hjoeddedeiske Pasco op it plak wêr't no it Sacagawea Steat Park no is. Neitiids kamen der pels en goud hannelers. Yn de 1880er jierren boude it Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) in spoarwei wat noch mear bewenners oanluts. Op 3 septimber 1891 waard it plak offisjeel in gemeente, de earste fan de Tri-Cities. De namme wie jûn troch Virgil Bogue, dy't in bou-ynsjenieur wie foar it spoar bedriuw nei Cerro de Pasco, in stêd yn de Andes yn Perû, wêr't hy meiholpen hie oan it bouwen fan in spoarwei. Yn de iere dagen wie it stêdsje in spoarwei stêd, mar mei it dien meitsjen fan de Grand Coulee Daam yn 1941 brocht bewettering en dus makke it lânbou mooglik.

 
It Franklin County rjochtgebou yn Pasco.

Mei it kommen fan it Hanford Nukleêre Reservaat yn de Twadde Wrâldkriich yn de omkriten, betsjutte dat foar de Tri-Cities in ekonomyske klapper, dochs Kennewick en Richland woeksen mear dêrtroch en bleau Pasco dochs mear in agraryske mienskip en ek it Noard Pasifysk Spoar wie in wichtich wurkjouwer. Yn de jierren nei de kriich profitearre Pasco mear fan Hanford, dochs it bleau ynearsten noch wol agrarysk.

Oan it ein fan de 1990er jierren, foarseagen ûntjouwers in nije taname fan de ekonomy fan Hanford en waarden omraak lânboulân njonken de stêdsgrinzen oankocht foar ûntjouwing en bou foar nije wiken. Yn koarte tiid feroare Pasco dat it woeks buorstêd Richland foarby yn ynwennertal en it joech in grutte ympuls foar it grutpakhûs yndustry en it toerisme. Fral oan de westkant fan de stêd ûntstiene nije wiken en winkelsintra ensfh. Dit nije mêd fan de stêd waard yn de omkriten bekend as West Pasco as tsjinstelling ta it âldere en earmere eastlike diel fan de stêd. In feart fan nije bewenners kamen yn 'e stêd, mar ek ynwenners fan Richland en Kennewick ferhûzen nei West Pasco, om't it no sintraler leit en de nije en lúksere wentes en saken.

Klimaat en geografy bewurkje seksje

Neffens it United States Census Bureau hat de stêd in oerflak fan 88,27 km², wêrfan 78,99 km² lân en 9,27 km² is wetter.

Pasco leit yn it súdeasten fan Washington, dus eastlik fan it reinskaad fan de Cascades Berchtme, wat it dus in folle drûger lân klimaat jout. It leit ornaris yn ien fan de drûchste geaen fan de steat, hast in woastynklimaat mei waarme simmers, hurde winen yn 'e maitiid en in bytsje delfal. It trochsneed wetter delfal is 197,1 mm. Snie falt hjir inkeld ek wol del, mar ek kâlde sigerige winen kinne der waaie.

De grutte rivier de Kolumbia skiedet de stêd fan har buorstêden Richland en Kennewick.

Befolking bewurkje seksje

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 59.781 minsken en 17.983 húshâldings, wêrfan 51,3% hiene bern ûnder de 18 jier. De befolkingstichtens wie 756,8 /km². Der wiene 17.872 wentes. Der wennen 55,8% blanken, 1,9% swarten, 0,5% yndianen, 1,9% Aziaten, 0,1% Pasifyske Eilanners, 36,4% fan oare rassen en 3,3% fan mjukste rassen. Etnysk wennen der 55,7% Hispanics of Latino's. De trochsneed âldens yn de stêd wie 27,3 jier. 35,5% wie ûnder 18 jier en 6,7% wie 65 jier en âlder. 50,7% wiene manlju en 49,3% froulju.

De trochsneed hûshâld ynkommen wie $34.450. 23,3% libbe ûnder de earmoed grins.

Ekonomy en ferkear bewurkje seksje

 
Kranen op de haven fan Pasco.

Troch de oanwêzigens fan de lânbou hat de stêd in stikmannich ferwurkjende fabriken lykas ConAgraFoods, Reser's Fine Foods en Twin City Foods binne der guon fan. Ek de tanimmende wyn yndustry yn de krite hat syn plakje yn de stêd.

De wichtichste wurkjouwers binne Hanford, Burlington Northern, Lamb Weston, Boise Cascade, Tyson Foods, Energy Northwest, Fluor Hanford, Inc., Bechtel National Inc. en Battelle Pacific Northwest National Laboratories.

It regionale fleanfjild Tri-Cities Airport is yn Pasco. It ûnderhâldt rjochtstreekse fljochten nei Seattle, Portland, San Fransisko, Los Angeles, Las Vegas, Phoeniks, Denver, Salt Lake City en Minneapolis.

Der is in treinstasjon fan Amtrak dy't sûnt 1971 it passazjiers ferfier oer it spoar regelt. De fracht oer it spoar wurdt regele troch BNSF Railway. Ek fracht wurdt mei boat ferfierd oer de rivierren de Kolumbia en de Snake.

Wichtige diken binne de Rykswegen Yntersteat 182 fanút Richland rjochting Walla Walla, en 395 fan Kennewick rjochting Spokane.

It Ben Franklin-busferfiersysteem hat bus ferbinings troch de hiele Trije Stêden krite en der omhinne.

Pasco hat in iepenbier skoalle systeem foar de legere en fuortset ûnderwiis. Der is ek in katolike privee skoalle, dy't it gânse Trije Stêden krite betsjinnet.

Skoallen foar ferfolch opliedings binne:

  • Columbia Basin Community College, ien fan de grutste mienskips kolleezjes yn de steat mei 7000 studinten.
  • Washington State University Tri-Cities, in part fan de steatsuniversiteit.

Kultuer bewurkje seksje

Wichtige eveneminten binne:

  • Boeremerke (Farmer's Market), elts jier fan april oant en mei oktober yn it sintrum.
  • Fiery Foods Festival, elts jier yn oktober.
  • Gesa Stadion, wêr honkbalteam Tri-City Dust Devils har thús hawwe
  • TRAC, in grut kompleks yn West Pasco, wêr't lânbou- en oare tentoanstellings, konserten, ensfh plakfine.

Keppeling om utens bewurkje seksje