Yn Roomsk-Katolike kontreien wurdt om Peaske hinne faak in passyspul opfierd. Dat is in soarte toanielstik oer it lijen fan Jezus Kristus foar en by de krusiging.

Passyspul yn Antwerpen (skilderij fan Gillis Mostaert)
Passyspul yn Oberammergau, 1863

Untstean bewurkje seksje

It passyspul is ûntstien yn de midsiuwen. Neidat yn de tsjerke it ferset oanboaze tsjin de útbundige toanielstikken by fierings en prosesjes, ferpleatsten dy spullen har nei bûten de tsjerke. De toanielstikken spilen har ôf op de pleinen en yn de strjitten en ferbylden altyd it lijen fan Kristus. Soms diene wol hûnderten spilers mei en koe it spul wol dagen duorje. Ut de oerlevere teksten blykt dat der in soad gebrûk makke waard fan spesjale effekten om bygelyks oerstreamings sa realistysk mooglik wer te jaan. It gebrûk hold oan oant yn de 16e iuw.

Yn de 17e iuw libbe de tradysje wer op, earst yn it Dútske Oberammergau. Dat fûn neifolging yn oare Jeropeeske lannen as Eastenryk, Frankryk, België en Nederlân.

De abdij fan Gorze wie ferneamd om har Passyspul yn de midsiuwen.

Hjoeddeiske passyspullen bewurkje seksje

Tegelske Passyspullen bewurkje seksje

Sûnt 1931 wurde yn it iepenloftteater De Doolhof yn Tegelen de Passyspullen opfierd, fan 1975 ôf om de fiif jier. Yn 2010 waard dêr de 19e rige foarstellings opfierd. De Passyspullen fan 1955 lutsen de measte taskôgers, te witten sawat 160.000. De Passyspullen fan 2000 waarden regisearre troch filmregisseur Ben Verbong. Yn 2015 skreau Patrick Lateur Lente in Galilea. Een passiespel, regisseur wie Cees Rullens.

The Passion bewurkje seksje

The Passion is in Nederlânsk passyspul dat sûnt 2011 jierliks op de jûn fan Wite Tongersdei op wikseljende iepenloftlokaasje foar in grut publyk holden wurdt. It evenemint is in gearwurkingsprojekt fan de omroppen EO en RKK, de Protestantske Tsjerke yn Nederlân, de Roomsk-Katolike Tsjerke, it Nederlânsk Bibelselskip en de pleatslike gemeente. It evenemint wurdt streekrjocht op de Nederlânske telefyzje útstjoerd.

Yn 2017 wie de Passion yn Ljouwert. Dat wie in meartalige útfiering mei in substansjeel part yn it Frysk.

Passyspullen Hertme bewurkje seksje

Sûnt 1953 wurde yn Hertme passyspullen opfierd. Nei in ûnderbrekking waarden se yn 2011 oppakt.

Sjoch ek bewurkje seksje