Peggy Sue (pornografysk aktrise)

Peggy Sue, echte namme: Paru Silios (Bombay, 16 april 1978), is in rêstend Yndiaask neakenmodel en pornografysk aktrise fan Maratysk etnysk komôf, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Kathy Beauty, Paru, Paruh en Peru. Hja is 1.61 m lang.

Peggy Sue (pornografysk aktrise)
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kathy Beauty, Paru, Paruh, Peru
echte namme Paru Silios
nasjonaliteit Yndiaask
berne 16 april 1978
berteplak Bombay (Yndia)
etnisiteit Maratysk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19962000
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Peggy Sue waard berne yn 'e Yndiaaske metropoal Bombay. Hja begûn mids jierren njoggentich te posearjen foar neakenblêden; sa stie se bgl. yn it Britske tydskrift Men Only. Yn 1996, doe't se 18 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Yn totaal spile se yn har karriêre neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 48 films. It meast wurke se foar de Italjaanske studio de Mario Salieri Entertainment Group en foar it Sweedske Private-label.

Foar Private spile se û.m. yn it earste diel 'e megaproduksje Tatiana (mei Tania Russof yn 'e haadrol), fan 'e Frânske regisseur Pierre Woodman, en teffens yn twa ôfleverings fan it Private Triple X fideomagazine. Fierders wie se ek wurksum foar oare Jeropeeske studio's, lykas it Dútske Multi Media Verlag en Videorama, wylst se ek yn ferskate films spile foar foaroansteande Amerikaanske labels, lykas VCA Pictures, Hustler Video en Anabolic Video. Yn 2000 loek Peggy Sue har út 'e pornoyndustry werom. Films fan nei dy tiid wêryn't se foarkomt, binne kompilaasjes fan earder opnommen materiaal.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: