De oblast Penza (Russysk: Пензенская область; Pensenskaja oblast) is in bestjoerlike ienheid yn Ruslân.

Penza oblast

Пензенская област

flagge wapen
polityk
soarte gebiet oblast
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Povolzje
haadplak Penza
grutste plak Penza
taal Russysk
Etnyske groepen Russen (86,8%), Tataren (6,4%)
Mordoovjers (4,1%) (stân: 2010)
sifers
ynwennertal 1.274.062 (2022)
oerflak 43.352 km²
befolkingstichtens 29,39 ynw./km²
oar
stifting 7 febrewaris 1939
tiidsône UTC +3
koördinaten 63° 49' N 33° 00' E
webside www.penza.ru

Geografy bewurkje seksje

Yn it noarden grinzget de oblast oan de republyk Mordoovje, yn it easten oan de oblast Uljanovsk, yn it suden oan de oblast Saratov en yn it westen oan de oblast Tambov. De oblast leit yn it federale distrikt Wolga yn it súdlike diel fan de Easteuropeeske Leechlân op it Wolgaplato.

it lânskip is heuvelich en it klimaat tuskenbeiden kontinintaal. De trochsneedtemperatueren skommelje tusken −10,0 °S yn febrewaris en +19,2 °S yn july.

 
De Soera

It grutste diel fan de oblast leit yn it Wolga-bekken, de súdlike en de súdwestike distrikten hearre ta it Don-bekken. Der binne mear as 3.000 rivieren en beken yn de oblast mei in totale lingte fan 15.458 km. De langste rivieren binne de Soera, de Mokzja, de Chopjor en de Penza, in 78 km lange sydrivier fan de Soera, dy't de oblast de namme joech.

De Zapovednik Wolga-Bosksteppe is in mear as 84.000 km² grut natoergebiet dat út fiif ferskillende dielen bestiet.

Skiednis bewurkje seksje

De Russen setten harren yn de 17e iuw yn it gebiet nei wenjen. Yn dy tiid ûntstie de grinsfêsting Penza (de tsjintwurdige stêd Penza) as ferdigeningsfort tsjin de Tataren en oare fijannige folken. Yn 1718 waard it gebiet ûnderdiel fan it gûvernemint Kazan. Op 15 septimber 1780 waard de regio ûnder de namme gûvernemint Penza in selsstannige bestjoersienheid. Fan 5 maart 1797 oant 9 septimber 1801 hearde it gebiet by it gûvernemint Saratov. Dêrnei wie it gebiet oant en mei 1928 wer it gûvernemint Penza.

Yn de Sovjet-tiid folge in rige fan inoar opfolgjende weryndielings en feroarings, oant op 7 febrewaris 1939 troch opsplitsing fan de oblast Tambov lang om let de oblast Penza yn de hjoeddeiske grinzen oprjochte waard.

Ekonomy bewurkje seksje

De belangrykste sektoaren yn de ekonomy binne de masinebou, de houtferwurking en de tekstylyndustry.

Bestjoerlike yndieling en stêden bewurkje seksje

De oblast is ûnderferdield yn 27 rajons en stedsdistrikten. De stedsdistrikten binne de haadstêd Penza en de folle lytsere stêden Kûznetsk en Saretsjny. Saretsjny is in saneamde sletten stêd (ZATO). De oblast hat meiïnoar alve stêden en 16 plakken mei in stedsk karakter.

Grutste stêden
Namme Russysk Ynwenners Wapen Lokaasje
Penza Пенза 509 513 (2022)   53° 12' N 45° 00' E
Kûznetsk Кузнецк 88.839 (2020)   53° 7' N 46° 36' E
Saretsjny Заречный 65.502 (2020)   53° 12' N 45° 10' E.
Kamenka Каменка 34.577 (2020)   53° 11' N 44° 03' E
Serdobsk Сердобск 30.939 (2020)   52° 28' N 44° 13' E
Nizjni Lomov Нижний Ломов 20.511 (2020)   53° 32' N 43° 41' E
Nikolsk Никольск 19.611 (2020)   53° 43' N 46° 05' E

Befolking bewurkje seksje

 
19e-iuwske dracht yn Penza

De befolking fan de oblast bestiet foar likernôch 85 % út Russen, dêrnjonken foarmje Tataren en Mordoovjers reedlik grutte minderheden. It tal Mordoovjers sakket lykwols, lykas ek de Oerkraynske, Wyt-Russyske en Joadkse minderheden lytser wurde. Sûnt de opheffing fan de Sovjet-Uny migrearren in soad minsken út de Kaukasus en Sintraal-Aazje nei de oblast, dy't yntusken lytse minderheden foarmje.

Befolkingsferrin bewurkje seksje

Jier 1897 1926 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2022
Ynwenners 1.470.474 2.208.409 1.710.517 1.509.566 1.535.970 1.535.970 1.510.325 1.504.569 1.452.941

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Oblast Pensa


 
Dielgebieten fan Ruslân

 

Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne