Peter van de Witte

Peter van de Witte (Drachten, 20 july 1975) is in kabaretier dy't tegearre mei Bas Hoeflaak it kabaretduo Droog Brood foarmet.

Yn harren ôstudearjier oan de kleinkunstacademie diene sy tegearre mei oan "Miss Kaandorp" Brigitte de musical fan Brigitte Kaandorp en Bert Klunder. Njonken Droog Brood is er warber as komponist en tekstskriuwer. Hy skreau de muzyk fan ferskate film- en teäterproduksjes foar ûnder oaren Paul de Leeuw, Jenny Arean & Wende Snijders, de koarte film Naakt en in tal toanielteksten foar Bellevue Lunchteäter ("Flysk" (2000), "Leeftijd" (2004), "Zonde" (2005)). 2009 skreau er in nije toanielfoarstelling. Teffens skreau er muzyk foar Verplichte Figuren, in musical fan Alex Klaasen. Van de Witte skriuwt ek geregeldwei teksten en muzyk foar it telefyzjeprogramma "Het Klokhuis".

Ien fan sy bekendste rollen op telefyzje is as part fan de P.O.D. (eltse ôflevering in oare namme) by it Sinteklaassjoernaal. Yn 2015 spile er de haadrol yn de film De Grote Zwaen.
De troch him komponearre muzyk fan it liet Gewoon Opnieuw, út de foarstelling Showponies II fan Alex Klaasen, krige de Annie M.G. Schmidt-priis 2019.

Regy bewurkje seksje

  • 2022 Henry van Loon, Jannie de Showdog - De Keet B.V.
  • 2021 Alex Ploeg, Ego - Breijwerk
  • 2021 Jasper van der Veen, Het dreigt volslagen goed te komen - De Keet B.V.
  • 2020 Beter ga je beginnen te begrijpen je geld - NTR
  • 2020 Hadewych doet de dames - Hadewych Minis
  • 2020 Rundfunk, Wachtstumsschmerzen - MORE Theater Producties, Senf Theaterpartners
  • 2019 Voorlopig voor Altijd - Hekwerk
  • 2019 Marvellous (musical) - Bos Theaterproducties

Komposysje bewurkje seksje

  • 2022 Kruimeltje, REP Entertainment
  • 2021 Henry van Loon, Amazon StandUp Special
  • 2021 Alex Ploeg, Ego
  • 2021 Simone Kleinsma, Verder
  • 2019 Voorlopig voor Altijd, Martine Sandifort, Remko Vrijdag
  • 2019 Marvellous, Bos Theaterproducties
  • 2019 Showponies 2, MORE Theater Producties
  • 2019 Repelsteeltje, Theater Rotterdam
  • 2019 Dolfje Weerwolfje en Foeksia de miniheks, REP Entertainment
  • 2018 Showponies, Kemna Theater, Senf Theaterpartners

Keppeling om utens bewurkje seksje