Petra Verkaik (folút: Petra Charlotte Verkaik; Los Angeles, 4 novimber 1966), is in Amerikaansk neakenmodel, Playboy Playmate en aktrise fan mingd Nederlânsk-Balineesk etnysk komôf. Hja stiet fral bekend om har natuerlike grutte boarsten, en hat it rekôr yn 'e hannen fan 'e measte fotorapportaazjes yn 'e Playboy.

Petra Verkaik
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Petra Charlotte Verkaik
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 4 novimber 1966
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Nederlânsk
Balineesk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, aktrise
jierren aktyf 19892010
offisjele webside
www.petracentral.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Petra Verkaik waard yn 1966 berne yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, as de dochter fan in Nederlânske heit en in Balineeske mem. Se sette útein mei in karriêre as neakenmodel doe't se yn febrewaris 1989 yn 'e spesjale Great Playmate Hunt-edysje fan it ferneamde neakenblêd Playboy stie. Datselde jiers wie se Playboy Playmate fan 'e Moanne septimber yn 'e reguliere Amerikaanske Playboy. Verkaik hat neitiid yn mear as 70 nûmers fan it blêd stien, en dêrnjonken ek yn bûtenlânske Playboy-edysjes, wêrûnder de Nederlânske. Dêrmei is hja it meast publisearre model út 'e skiednis fan 'e Playboy.

Fierders hat Verkaik tsientallen fideo's foar Playboy makke wêryn't se út 'e klean giet, en is se ferskate kearen op 'e tillefyzjestjoerder Playboy TV ferskynd. Yn 1997 wûn hja de Playboy Reader's Choice Model of the Year Award, in publykspriis dy't útrikt waard op basis fan in stimming fan 'e abonnees fan 'e Amerikaanske edysje. Yn 2003 hiet it dat der foar de lêste kear in fotorapportaazje fan Verkaik yn 'e Playboy ferskynde, mar yn 2010 waard se op 'e nij frege foar in Playmate Xtra-edysje.

Njonken har wurk foar de Playboy hat Verkaik in eigen website wêrfoar't se mear as 300 fotogaleryen en tsientallen fideo's makke hat. Ek hat se wurksum west as aktrise. Sa hie se yn 1987 in gastrol yn 'e Amerikaanske komeedzjesearje Married... with Children, en spile se yn in stikmannich B-films, wêrûnder Pyrates (1991), Auntie Lee's Meat Pies (1992), Love Potion No. 9 (1992) en The Last Road (1997). Verkaik wennet yn Toluca Lake, in stedsje ûnder de reek fan Los Angeles.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: