Petrus de Aleoet (Kodiak (Alaska), foàr 1800San Fransisko (Nij-Spanje), 1815) wie in jager fan mingd etnysk komôf út 'e Russyske koloanje Alaska. Hy waard ûnder in jachtekspedysje yn Kalifornje troch de Spaanske autoriteiten dêre finzen nommen. Doe't er wegere om him te bekearen ta it roomsk-katolisisme, waard er deamartele. Hjoed de dei is er hillige fan 'e Eastersk-otterdokse tsjerken.

Petrus de Aleoet
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cungagnaq
nasjonaliteit Russysk
berne foàr 1800
berteplak Kodiak (Alaska)
stoarn 1815
stjerplak San Fransisko (Nij-Spanje)
etnisiteit Aleoetysk
Alûtiik (?)
Russysk
wurkpaad
berop/amt jager
reden
  bekendheid
Eastersk-otterdoks hillige

Libben bewurkje seksje

Der is net folle bekend oer it iere libben fan Petrus, mar hy soe berne wêze op it grutte eilân Kodiak, dat yn Stille Oseaan leit foar de súdkust fan wat doe de Russyske koloanje Alaska wie. Neffens it ferhaal wied er fan mingd Aleoetysk en Russysk etnysk komôf, en as er yndie fan Kodiak kaam, hat it grutte kâns dat er ek foar in part Alûtiik-bloed hie, mei de Alûtiik (Alutiiq), in subgroep fan 'e Jûpik (dy't wer ta de Eskimo's hearre) dêr de lânseigen befolking foarmet. Petrus syn oarspronklike namme wie Cungagnaq, mar hy soe de namme 'Petrus' krigen hawwe doe't er him dope liet en it Russysk-otterdokse leauwe oannaam.

Yn 1815 makke Petrus as jager diel út fan in ekspedysje fan 'e Russysk-Amerikaanske Kompanjy dy't nei noardlik Kalifornje ta reizge om dêr op seehûnen en see-otters te jeien. Dat wie in yllegale praktyk, mei't Kalifornje doedestiden ûnderdiel útmakke fan 'e Spaanske koloanje Nij-Spanje (dy't yn 1821 ûnôfhinklik wurde soe ûnder de namme Meksiko). De Russyske jagers hiene gjin inkele fergunning fan 'e Spaanske autoriteiten om yn Kalifornje te jeien, en kinne sadwaande as streupers sjoen wurde. Boppedat sieten de Spanjerts doedestiden yn noed oer de oanhâldende Russyske opmars út Alaska wei by de westkust fan Noard-Amearika lâns nei suden ta, dat sadwaande holden se it spul goed yn 'e rekken.

Yn 'e neite fan it doetiidske San Pedro y San Pablo Asistencia (no Pacifica), oan 'e kust fan Kalifornje, waard de groep jagers troch Spaanske soldaten oppakt, wêrnei't Petrus en de oaren oerbrocht waarden nei Mission Dolores yn San Fransisko. Dêr besochte roomske preesters de Aleoeten derta te bewegen om harren Russysk-otterdokse leauwe op te jaan en har ta it roomsk-katolisisme te bekearen. Doe't Petrus dat wegere, houden se him fan eltse foet in tean ôf, en doe't er dêrnei noch net tajaan woe, waarden him alle fingers, keatsje foar keatsje, ôfsnien en dêrnei beide hannen. Neitiid waard him it liif iepensnien en syn yngewant derút helle, oant er it úteinlik bestoar. Doe soene de preesters gear oer de folgjende Aleoet, mar dy waard rêden doe't der fan hegerhân oarders arrivearren dat it jachtselskip frijlitten wurde moast.

Hillichferklearring bewurkje seksje

Petrus de Aleoet waard as in martelder foar it leauwe yn 1980 hillich ferklearre troch de Otterdokse Tsjerke yn Amearika. Syn hjeldei wurdt op 24 septimber fierd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Sources, op dizze side.