Phina Oruche (Liverpool, 31 augustus 1972) is in Britsk aktrise en radiopresintatrise fan Nigeriaansk komôf. Hja sette har karriêre útein as model yn 'e Britske moadeyndustry, mar waard benammen bekend as aktrise, mei har rol as Liberty Baker yn 'e dramasearje Footballers' Wives.

Phina Oruche
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Phina Oruche
nasjonaliteit Britsk
berne 31 augustus 1972
berteplak Liverpool (Ingelân)
etnisiteit Ibo
jierren aktyf ±1995 – no
offisjele webside
www.phinaoruche.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en wurkpaad as model bewurkje seksje

Oruche waard yn 1972 berne yn 'e Ingelske havenstêd Liverpool as de dochter fan Nigeriaanske ymmigranten. Hja is in etnyske Ibo (de Ibo of Igbo binne ien fan 'e grutste folken fan súdlik Nigearia). Ein tachtiger jierren begûn Oruche in wurkpaad as model en mannekên yn Londen, mar hja ferfear al rillegau nei New York. Dêr wie se fiif jier lang in fêst model foar de Amerikaanske kleanwinkelkeatling Gap. Yn dy tiid stie se op 'e omslach fan ferskate Amerikaansk moadeblêden, mar se hie in spesjale bân mei it tydskrift Essence, dêr't gauris fotoreportaazjes fan har yn stiene.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Nei't Oruche foar de tillefyzje 'ûntdutsen' wie troch de Britske reklame- en filmregisseur Tony Kaye liet dy har yn in hiele rige reklamespotsjes meispylje. Dêrmei makke er by har de ambysje wekker om aktrise te wurden. Oruche sette yn Los Angeles útein mei in aktearkarriêre nei't se in oplieding folge hie oan 'e Actors Studio yn New York. Se hie ferskate gastrollen yn Amerikaanske tillefyzjesearjes, lykas Nip/Tuck, Charmed, Buffy the Vampire Slayer en NYPD Blue. Op it wite doek spile se û.m. yn The Forsaken (2001) en Happy Ever Afters (2009).

Uteinlik kearde Oruche werom nei Grut-Brittanje, dêr't se yn 'e searje The Bill spile. It bekendst waard se lykwols mei har fertolking fan 'e rol fan Liberty Baker yn 'e dramasearje Footballers' Wives, oer it wol en wee fan 'e froulju fan 'e leden fan in profesjoneel fuotbaltiim. Dêrfoar wûn se in Screen Nations Award yn 'e kategory Favorite Tillefyzjestjer. Oruche hie fierders yn 2008 ek in kameoroltsje yn 'e humoristyske sketcheshow Little Miss Jocelyn. Yn 2010 waard se cast foar in fêste rol (as mem) yn Hollyoaks, in soapsearje foar tiners. Yn 2012 makke se, nei in hoart lins nommen te hawwen foar de opfieding fan har soan, har comeback op 'e BBC yn 'e dramasearje Doctors.

Oare beuzichheden bewurkje seksje

Op 'e Ierske radio presintearre Oruche ferskate jierren trije kear yn 'e wike in programma, en yn Londen wie se fan 2008 ôf as panellid belutsen by it praatprogramma The Wright Stuff, dat moarns útstjoerd waard. Oruche hat fierders noch ferskate oare programma's op 'e radio en de tillefyzje presintearre, en ek die se yn 2006 as kandidate mei oan it realitytillefyzjeprogramma I'm a Celebrity... Get Me Out of Here!

Letter presintearre en produsearre se yn har bertestêd Liverpool op 'e sneontejûnen it radioprogramma Upfront, op 'e regionale radiostjoerder BBC Radio Merseyside. Teffens skreau se in skoft lang in kollumn yn 'e krante de Liverpool Echo. Fierders is se de eigneresse fan in eigen filmstudio, Ibo Girl Films, Ltd., wêrfoar't se koarte films en fideoklips regisearret, montearret en produsearret. Yn april 2012 publisearre Oruche har autobiografy, mei as titel Liberating Character.

Priveelibben bewurkje seksje

Phina Oruche troude yn augustus 2007, en hat út dat houlik ien bern, in soan. Yn 2006 en 2007 draafde se de Maraton fan Londen, wêrmei't se £35.000 ophelle foar it goede doel. Oruche wennet tsjintwurdich wer yn har berteplak Liverpool.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.