Pier Christiaanbrêge

De Pier Christiaanbrêge (koart: PC-Brêge) út 1958 is in ophelbrêge dy't de doarpen Ychtenbrêge en Dolsterhuzen yn de gemeente Lemsterlân ferbynt. De brêge fiert de N924 oer it yn de simmer tige drokke rekreaasjewetter Pier Christiaansleat. De brêge wurdt betsjinne troch de gemeente Lemsterlân mei in brêgejild fan € 2,- (2011) per wetterfartúch.

PC-Brêge 2010