Pier Pander (20 juny 1864, Drachten - 6 septimber 1919, Rome) wie in Fryske byldhouwer en medaljeur.

Selsportret fan Pier Pander (1918)
Pier Pandertimpel
Peinje ta eare fan de ynhuldiging fan keninginne Wilhelmina, ûntwurpen troch Pier Pander

Libben en wurk bewurkje seksje

Pier Pander wie in jonkje fan in skippersfamylje. Om't er al jong moai houthyfkje koe, waard er nei Amsterdam stjoerd om foar byldhouwer te studearjen. Letter gong er nei Parys te studearjen. Yn 1885 wûn er de earste Nederlânske Prix de Rome foar byldhoukeunst, mei syn "Stroomnimf". Hy waard dat jier lykwols ek slim siik, wêrtroch er ynfalide waard.

Nei't er better wurden wie fêstige er him yn Rome as byldhouwer. Njonken dat wurk die er lykwols ek munt- en medaljewurk. Sa is er lânlik bekend wurden mei it portret fan de jonge Keninginne Wilhelmina op it Nederlânske muntjild mei muntjier "1898". Ek hat er de Earemedalje for Keunst en Wittenskip foarm jûn. Oarsom waard er sels beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.

Pander hie in klassike styl, populêr yn syn tiid, mar net ûnderskiedend genôch om libben te bliuwen by it grutte publyk. Hy hie lykwols in hiel dúdlike fisy op wat keunst wêze moast, en hat dêrtroch ynfloed hân op it grutte tal fan syn kulturele en politike kontakten. Syn fisy woe er ek útdrukke yn syn libbenswurk: in timpel mei dêryn fiif bylden, dy't presys foarmjûn wienen sa't dat nei syn idee dien wurde moast. De stânbylden hat er makke kinnen, en de timpel hat er ûntwerpe litten. By syn libben koe de timpel lykwols net mear boud wurde. Earst fiif jier letter, yn 1924, koe de Pier Pandertimpel op it Ljouwerter Noarderbolwurk iepene wurde.

Pier Pander hie syn wurk neilitten oan de stêd Ljouwert, ta útstalling yn in museum. Dat museum waard yn 1954 it Pier Pander Museum, it earste museum yn Nederlân dêr't wurk fan mar ien keunstner yn útsteld waard.

Fannijs omtinken bewurkje seksje

Yn 1999 organisearre Eugenie Boer (1947-2012) in útstalling oer Louis Couperus en Pier Pander. twee verwante zielen yn it Louis Couperus Museum.

2007 waard in manifestaasje hâlden ûnder de titel Pier Pander - Nederlands beroemdste beeldhouwer (1864-1919). Part fan de manifestaasje wie in oersjochtentoanstelling yn it Frysk Museum, de útjefte fan in boek, it fannijs iepenjen op 1 juny 2007 fan de restaurearre Pier Pander Timpel en it Pier Pander Museum en in dokumintêre oer syn libben troch Omrop Fryslân.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje