Piet Hoekstra (Moarrewâld, 24 maart 1947) wie in Fryske hurdfytser fan 1970 o/m 1972. Piet helle syn grutste súksessen yn Olympia's Tour. Hy wie mar 3 jier amateurkampioen fan Fryslân, mar hy hie dochs twa bynammen: De Liuw fan Dokkum (omdat hy ferskuorrende sterk wie) en Grutte Pier. Hoekstra die ek mei oan de Olympyske Simmerspullen 1968 yn Meksiko yn de ploegenefterfolging.

Piet Hoekstra
sporter
Hoekstra as Nederlânsk kampioen efterfolging foar amateurs yn 1969
Hoekstra as Nederlânsk kampioen efterfolging foar amateurs yn 1969
persoanlike bysûnderheden
echte namme Piet Hoekstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 24 maart 1947
berteplak Moarrewâld
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Baanhurdfytsen,
Dykhurdfytsen
O.S. Meksiko-stêd 1968

In jier letter waard er Nederlânsk kampioen efterfolging. Yn 1970 waard er professjonal en fytste foar de ploegen Caballero, Gazelle, Gan-Mercier en Novy Dubble Bubble. Yn 1973 waard er wer amateur en woe doe noch sa'n 170 wedstriden. Oant en mei 1978 wie dat by de ploech fan Batavus, dêr't er nei syn karriêre ploechlieder waard (1978-1986). Nei noch twa jierren Koga Myata waard Piet yn 1989 bûnscoach fan de frouljusseleksje. Hjirby wurke er ûnder oaren mei Leontine van Moorsel, Monique Knol en Ingrid Haringa.

Nei syn perioade by it bûn waard Piet Hoekstra yn 1998 adviseur fan manager Arend Scheppink. Tegearre steane se oan de widze fan de Batavus-BankGiroLotterij-Bigstartformaasje. Nei in fúzje mei de Japanske profformaasje Shimano ûnstiet yn 2005 Skil-Shimano.

Oerwinnings bewurkje seksje

1969
1970
  • Yrseke
1976

Ploegen bewurkje seksje

  • 1970: Caballero - Laurens
  • 1971: Gazelle
  • 1972: Novy - Dubble Bubble

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: