Piotrków Trybunalski

Piotrków Trybunalski ([ˈpʲɔtrkuf trɨbuˈnalsci]?, likernôch pjotrkoef triboennalskie; Dútsk: Petrikau) is in stêd yn it Poalske woiwodskip Łódź dy't in selsstannige powiat foarmet. It oerflak beslacht 67,26 km², it ynwennertal in lytse 75.000 (2016).

Piotrków Trybunalski
Flagge Wapen
Polityk
Lân Poalen
Provinsje Łódź
Powiat Stedsdistrikt
Sifers
Ynwennertal 74.694↓ (2016)
Oerflak 67,27 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 1100 / km²
Stêdekloft 200.000
Oar
Stifting foar 1217
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Webstee fan de stêd

De stêd leit net fier fan Piotrków oan de rivieren de Strawa en Strawka, in sydrivier fan de Pilika.

Ut de skiednis bewurkje seksje

Yn 1939 wennen der op 50.000 ynwenners, 10.610 Joaden yn Piotrków Trybunalski. Dêr ûntstie it earste Joadske getto yn fan Nazy-Dútslân beset Europa. De Joaden waarden ôffierd nei konsintraasjekampen yn Auschwitz en Lublin.

Demografy bewurkje seksje

Ynwenners 2006 :

Beskriuwing Totaal Froulju Manlju
Ienheid Tal % Tal % Tal %
Befolking 79 961 100 42 553 53 37 428 47
Tichtens
[ynw./km²]
1188,7 630 558,7

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: