Platz der Republik

De Platz der Republik (yn 't Frysk: Plein fan de Republyk) is in plein yn de Berlynske wyk Tiergarten. It plein hiet it Königsplatz (Keningsplein) tusken 1867 en 1926 en tusken 1933 en 1945. It plein is likernôch 36.900 kante meter en bestiet winliken út in grut gêrsfjild. It wurdt omfieme troch in tal wichtige Dútske oerheidsgebouwen, bygelyks de Ryksdei en it Bundeskanzleramt, it wurkstee fan de Bûnskânselier. De Switserske ambassade stiet ek oan it plein.

Platz der Republyk, mei it Ryksdeigebou op eftergrûn
Ryksdei en Oerwinningspylder om 1900 hinne
Kaart fan de Königsplatz en Siegesallee yn 1902

Skiednis bewurkje seksje

It plein oan 'e kant fan de Tiergarten ûntstie yn 1735 doe't de Berlynske tolmuorre nei it westen ta ferlein waard. It plein tsjinne yn de tiid fan kening Freark Willem I as oefenfjild foar it Prusyske leger. Om't de Brandenburger Tor net fier ôf stiet, neamde men it plein doe ek wol Exerzierplatz vor dem Brandenburger Tor. Yn 1867 waard it plein in wier stedsplein en krige it de namme Königsplatz (Keningsplein). Oan de eastkant fan it plein stie earst it paleis fan de Prusyske greve Atanazy Raczynski. Dat paleis waard yn 1884 ôfbrutsen en makke plak foar it Ryksdeigebou, dat tusken 1884 en 1894 boud waard.

Op it plein stiene in stikmannich bylden, dy't jin oan de Dútske weriening yn it sin bringt. Yn 1873 waard midden op it plein de Siegessäule (Oerwinningspylder) boud. Foar de Ryksdei kaam yn 1901 it Nasjonale Bismarckmonumint, ta neitins fan Rykskânselier Otto von Bismarck. Oan de noardkant fan it plein waard yn 1904 in byld fan de Prusyske kriichsminister Albrecht von Roon boud. Yn 1906 kaam der oan de westkant fan it plein in byld fan generaal Von Moltke te stean.

Yn de tiid fan de Weimarrepublyk waard yn 1926 de namme fan it plein feroare ta Platz der Republik, om't it plein foar de Ryksdei lei. Men fûn it doe wichtich dat de namme net mear ta tinken die oan de monargy. De nazys feroaren yn 1933 de namme lykwols wer ta Königsplatz.

Adolf Hitler en syn arsjitekt Albert Speer hiene grutte plannen foar de omkriten fan it plein en ferhûzen de bylden yn 1938 nei de Großer Stern, sa't dy plak meitsje koene foar nije gebouwen. Troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich, waard lykwols net fierder mei de plannen úteinset. Yn de Slach om Berlyn oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich rekke it plein lyksa as de Ryksdei swier skansearre.

De Berlynske Muorre rûn efter de Ryksdei lâns en stie dus ek ticht by it plein. It plein lei yn de ferdieling fan Berlyn oan de râne fan West-Berlyn en tsjinne as in parkearplak. Op 3 oktober 1990 waard de Flagge fan de Ienheid op it plein omheech brocht yn it ramt fan de Dútske weriening. Yn de jierren dêrnei ward it plein fannijs ynrjochte en it waard it sintrum fan in nije oerheidswyk. Oan de noardkant waarden allegear nije oerheidsgebouwen boud en it Ryksdeigebou waard wer yn gebrûk naam troch it sitten fan de Bûnsdei.