Plotinus (Gryksk: Πλωτῖνος, Plotinos; Lykopolis, 204/205Kampaanje, 270) wie in Gryksk neoplatoanysk filosoof út 'e Romeinske Tiid. Hy wie tige ynfloedryk yn 'e Lette Aldheid en ynspirearre iuwenlang sawol de heidenske mystyk as dy fan 'e grutte monoteïstyske religyen (joadendom, kristendom en islaam). Ek wie it tinken fan Plotinus fan grutte ynfloed op 'e gnostyk. Hoewol't in grut part fan syn wurk oerlevere is, komt it meastepart fan 'e biografyske ynformaasje oer him út it foarwurd fan syn Enneäden, dat skreaun waard troch syn learling Porfyrius.

Plotinus
persoanlike bysûnderheden
echte namme Πλωτῖνος ("Plotinos")
nasjonaliteit Romeinsk
berne 204/205
berteplak Lykopolis (Egypte)
stoarn 270
stjerplak Kampaanje (Romeinske Ryk)
etnisiteit Gryksk
wurkpaad
berop/amt filosoof
jierren aktyf 245270
bekendste
  wurk(en)
de Enneäden

Libben bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Neffens Porfyrius wie Plotinus 66 jier âld by syn dea yn it twadde jier fan it regear fan 'e Romeinske keizer Klaudius II (270), wat betsjutte soe dat er yn 204 of 205 berne wie. Neffens Eunapius fûn Plotinus syn berte plak yn Lykopolis, dat yn 'e delta fan 'e rivier de Nyl yn Egypte lei. Der wurdt almeast oannommen dat er fan Gryksk etnysk komôf wie, mar it is net út te sluten dat er út in hellenisearre lânseigen Egyptysk fermidden kaam.

Mei 27 jier, om 232 hinne, lei Plotinus him foar it earst ta op 'e stúdzje fan 'e filosofy. Hy bejoech him nei Aleksandrië om in learmaster te finen, mar koe syn eigen ideeën net goedkrije mei de lessen fan lykfol hokker filosoof, oant in goekunde fan sines him oanrette om ris nei Ammoanius Sakkas te harkjen. Dat bliek in boppeslach te wêzen, en Plotinus begûn fûleindich ûnder Ammoanius syn tafersjoch te studearjen. Behalven troch Ammoanius Sakkas waard Plotinus yn dy snuorje ek beynfloede troch de wurken fan Aleksander fan Afrodisias, Numenius fan Apaméa en ferskate stoïsynske learaars.

Perzje en Rome bewurkje seksje

Nei't er alve jier lang yn Aleksandrië studearre hie, besleat Plotinus doe't er omtrint 38 jier wie, om 'e filosofyske tradysjes fan Perzje en Yndia te ûndersykjen. Dêrta sleat er him yn Antiochië oan by it leger fan keizer Gordianus III, dat doe krekt in fjildtocht nei Perzje ûndernaam. Dy kampanje rûn lykwols al rillegau op 'e non, en nei Gordianus syn dea bleau Plotinus sûnder beskerming efter yn in fijannich lân, dêr't er inkeld mei grutte muoite libben wer wei wist te kommen.

Om 245 hinne, doe't er fjirtich jier wie, reizge Plotinus fan Antiochië nei Rome, dêr't er hast de hiele rest fan syn libben trochbringe soe. Hy wurke der as filosoof en waard sels learmaster fan û.m. Porfyrius, Amelius Gentilianus, senator Katrikus Firmus, de sirurgyn Eutochius fan Aleksandrië, de kritikus en dichter Sotikus, Paulinus fan Skytopolis, Serapion en Setos de Arabier, dy't earder stoar as hysels en him in beërf fan jild en lân neiliet. Plotinus hie ek froulike learlingen, wêrûnder in Gemina, by wa't er yn 'e kost wie. Fierders korrespondearre er mei ferskate filosofen yn oare dielen fan it Romeinske Ryk, lykas Kassius Longinus út Atene.

Plotinus syn lear gie út fan trije prinsipes: it "Iene", it yntellekt en de siel. Hy leaude dat der in oppermachtich, folslein transendint "Iene" wie dat net ferdield, fermannichfâldige of ûnderskaat wurde koe en alle kategorisaasjes fan wêzen en ûnwêzen te boppe gie. Syn "Iene" koe gjin besteand ding wêze, noch wie it inkeld de som fan alle dingen, mar ynstee wie it foarôfgeande oan alles dat bestie. Plotinus identifisearre dit "Iene" mei it konsept fan "it goede" en it begjinsel fan "skientme". Hy stie ynherint wantrouwich foar de materiële wrâld oer, en wie fan betinken dat de wrâldske dingen in suterich spegelbyld of neibearsel wiene fan eat hegers, dat it wiere oanpart fan it echte wêzen wie. Dit wantrouwen komt algemien foar yn it platonisme, mar by Plotinus omfette it sels syn eigen lichem. Dêrom soed er ienris ek wegere hawwe om te posearjen foar in portret. Neffens de ferhalen besocht er fierders om nei de heechste morele en spirituële standerts te libjen.

Under syn ferbliuw yn Rome skreau Plotinus ek al syn wurken, dy't letter gearbrocht waarden yn 'e Enneäden. Dat is eins in bondel essay's en traktaten, dy't ferdield oer in perioade fan santjin jier skreaun waarden, fan likernôch 253 ôf oant in pear moanne foar syn ferstjerren. Dêrnei waard dit wurk troch Porfyrius oardere en redigearre. Dyselde makke der melding fan dat er dêr in bealchfol wurk oan hân hie, mei't syn âlde master in ôfgryslik hânskrift hie en him neat gelegen lizze liet oan stavering.

Lettere jierren en dea bewurkje seksje

Under syn wurkpaad as learmaster te Rome wûn Plotinus ek it respekt fan keizer Gallienus en keizerinne Salonina. Op in stuit besocht Plotinus de belangstelling fan 'e keizer te wekjen foar it werbouwen fan in ferlitten delsetting yn Kampaanje, yn 'e omkriten fan Napels, dy't 'de Stêd fan 'e Filosofen' neamd waard. Dêr soene de ynwenners ûnder de wetten libje sa't de Aldgrykske wiisgear Plato dy foarstelde yn syn Nomoi. In keizerlike subsydzje foar dit eksperimint wist Plotinus neffens Porfyrius lykwols nea los te krijen.

Porfyrius sette him op in stuit op Sisylje nei wenjen, wêrnei't er net folle mear oer syn âlde learmaster fertelle koe, en hielendal neat út 'e earste hân. Plotinus skynt syn libbensein yn retrête trochbrocht te hawwen yn in filla op it plattelân fan Kampaanje, dy't him neilitten wie troch Setos de Arabier. Neffens Eustochius, dy't him op 't lêst fersoarge, wiene syn lêste wurden: "Stribje dernei om it godlike yn jinsels werom te jaan oan it godlike yn it Al." Nei it ferhaal fan Eustochius kaam der doe in slange foar 't ljocht ûnder Plotinus syn bêd wei, dy't fuortgloep troch in gat yn 'e muorre; op datseldichste stuit stoar de âldman.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.