Pontyske boskmûs

De Pontyske boskmûs (wittenskiplike namme: Apodemus ponticus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat foarkomt yn Súd-Ruslân en de Kaukasus.

Pontyske boskmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje mûseftigen (Muridae)
skaai boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus ponticus
Sviridenko, 1936
IUCN-status: net bedrige

Fersprieding bewurkje seksje

Om persiis te wêzen strekt it ferspriedingsgebiet fan 'e Pontyske boskmûs him út oer de Súdrussyske Koeban-regio (fanôf de See fan Azov oant de Kaukasus), en fierders oer Abgaazje, Georgje, Súd-Osseesje, Armeenje, Azerbeidzjan, eastlik Turkije (mei it Pontusberchtme dêr't er nei neamd is) en mooglike it noardwesten fan Iraan en it uterste noarden fan Irak.

Besibskip en taksonomy bewurkje seksje

It wurdt wierskynlik (mar net wis) achte dat de Pontyske boskmûs eins in ûndersoarte (of mooglik sels in synonym) fan 'e grutte boskmûs (Apodemus flavicollis) is. De reden foar de ûndúdlikheid is dat it eardere Izerne Gerdyn yn 'e tweintichste iuw lange tiid de ferliking fan eksimplaren ûnmooglik makke. Foar de Pontyske boskmûs wurdt inkeld ek wol de namme Apodemus fulvipectus brûkt, mar dat is yn wurklikheid in synonym foar de Perzyske boskmûs (Apodemus witherbyi).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.