Possessed is in Amerikaanske deathmetalband oprjochte yn 1983 yn San Francisco, en wie ien fan de mear bekende iere pioniers fan deathmetal, tegearre mei Death út Floarida. De band brocht yn 1985 syn debútalbum Seven Churches út. De teksten fan de band gean benammen oer de dea, moard en satanisme. Possessed hat trije studio-albums en trije live-albums útbrocht.

Possessed
band
Possessed yn 2017
Possessed yn 2017
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1983 - 1987,
1990 - 1993,
2007-No
label(s) Combat,
Nuclear Blast
leden
Sang
& bas (1983-1987)
Jeff Becerra
Gitaar Daniel Gonzalez
Gitaar Claudeous Creamer
Bas Robert Cardenas
Drums Emilio Marquez

Skiednis bewurkje seksje

Possessed waard oprjochte yn 1983 mei sjonger Barry Fisk en earder Exodus-bassist Jeff Andrews ûnder de namme Possessed. Wylst it kwartet begûn wie tegearre wat muzyk te skriuwen, kaam it hast alwer ta in ein doe't sjonger Fisk himsels tekoart die, en bassist Andrews der dêrnei foar keas net langer diel te nimmen oan de band yn oprjochting. Underwilens wie bassist en sjonger Jeff Becerra út syn band Blizzard stapt. Nei benadere te wêzen troch gitarist Mike Torrao en drummer Mike Sus, kaam Becerra by Possessed en ferfolle sawol de fakante sang as de bas posysje. De band hie ek in advertinsje set foar in nije gitarist dy't beäntwurde waard troch Brian Montana, en Possessed koe wer fierder.

Yn 1985 brocht de band syn debútalbum Seven Churches út, in album dat hjoed-de-dei sjoen wurd as in metalklassiker. In jier letter waard Seven Churches opfolge troch Beyond the Gates. Dêrnei ferskynde yn maaie 1987 de EP The Eyes of Horror. Dizze EP hie in oar lûd en de teksten as op de albums Seven Churches en Beyond the Gates giene de teksten op die albums benammen oer it satanisme, op dizze EP wiene de satanistiske teksten ôfwêzich. De nûmers hiene ek in mear thrashmetalstyl as de deathmetalklanken fan albums. De EP waard dan ek net goed ûntfongen en de band gie efkes mei skoft. Yn 1989, wie sjonger en bassist Jeff Becerra belútsen by in sjitynsidint en rekke dêrtroch ferlamme fan de mul ôf.

Gitarist Mike Torrao foarme yn 1990 in hiele nije ferzje fan Possessed, naam sels de sang foar syn rekken. En naam yn 1991 in demo mei twa nûmers op. Der waarden ferskate besettingen besocht en yn 1993 waard in demo mei fjouwer nûmers opnommen, mar de band slagge net en waard wer opheft.

Yn 2007 waard oankundige dat Jeff Becerra optrede soe ûnder de namme Possessed op it Wacken Open Air-festival en mei de leden fan Sadistic Intent as band. Nei in Amerikaanske toernee mei Danzig en Marduk kearden Rick en Bay Cortez tegearre mei Ernesto Bueno werom nei Sadistic Intent, wylst drummer Emilio Marquez by Becerra bleau. Yn 2012 begûn Possessed mei it skriuwen fan nij materiaal foar harren earste folsleine studioalbum sûnt Beyond the Gates út 1986. Se spilen live ferskate nije nûmers dy't nei ferwachting op it nije album ferskine soene. It album Revelations of Oblivion waard op 10 maaie 2019 útbrocht, 33 jier nei Beyond the Gates.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label Single(s)
Seven Churches 16 oktober 1985 Combat
Beyond the Gates 31 oktober 1986
Revelations of Oblivion 10 maaie 2019 Nuclear Blast Abandoned

Live-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Label
Agony in Paradise 2004 Agonia
Possessed by Evil Hell 2007 Mutilation
Live at Graspop 2012 10 novimber 2020 útbrocht yn eigen behear

Kompilaasje-albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op
Beyond the Gates / The Eyes of Horror 1987
Victims of Death 15 septimber 1992
Ashes from Hell 6 juny 2006
Reanimation juny 2011
Death Metal Demo 2021

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: