Probus (Latyn: Marcus Aurelius Probus; sa. 19 augustus 232 - septimber of oktober 282) wie keizer fan Rome fan augustus 276 oant de hjerst fan 282.

Probus

Hy wie foar in part ferantwurdlik foar it werstel fan it Romeinske Ryk nei de grutte ekonomyske en politike krisis fan mids 3e iuw ôf oan. Fan syn libbensrin binne in tal bysûnderheden bekend út de Scriptores Historiae Augustae, mar dy boarne is net altiten betroud.

Libben bewurkje seksje

Probus waard berne yn in Romeinske provinsje yn de Balkan; hy wie in soan fan in ofsier út it Romeinske leger en keas sels ek foar it leger. Om syn 14e jier hinne waard er soldaat en hy makke stadichoan opgong yn it leger. Hy ûntwikele him ta in briljant militêr dy't ûnder de keizers Falerianus, Aurelianus en Tasitus op ferskate plakken yn it ryk tsjinne as legerlieder.

 
In búste fan Probus.

Yn 276 waard er troch keizer Tasitus beneamd as gûverneur fan Syrje en Egypte. Datselde jier waard er nei de moard op Tasitus troch syn troepen ta de nije keizer útroppen, mar der wie noch in meidinger, nammentlik Tasitus syn healbroer Florianus. Dy koe mar twa moanne regearje, want Probus soarge derfoar dat der in soad fan Florianus syn troepen nei him oer kamen. Lang om let waard dy fermoarde. Diskear waard Probus troch it leger erkend as keizer yn it hiele Ryk.

As allinnich-keizer fersloech Probus de Franken en Boergonden oan de Ryn en de Fandalen by de Donau. Yn 278 ferdreaun er de Fandalen út hiel Illyrikum. Yn 280 wienen der twa opstannen fan tsjin-keizers, troch Prokulus en Bonosus; beide opstannen waarden troch him delslein. Yn deselde tiid waard ek Iulius Saturninus ta keizer útroppen, mar dy ferstoar ear't Probus tsjin him oplûke koe.

Dêrnei, yn 281, kaam hy einlik nei Rome ta. Hy hie in oerienkomst sletten mei it Perzyske Ryk, maar it lei yn 'e rin fan de ferwachtings dat der al gauris in grutte fjildtocht tsjin de Perzen holden wurde soe. Dêrby makke hy ien foar him lykwols deadlike fout. Hy hie in soad fan syn legioenen ûntbûn en de soldaten ta wurk steld oan sivile taken, lykas it opsetten fan wyngaarden yn Galje en Pannoanje. Dat waard him troch syn soldaten net yn tank ôfnommen. Doe't Probus syn legioenen opdracht joech om de moerassen om Sirenium hinne drûch te meitsjen, wie by it leger de maat fol. De soldaten waarden lulk, fermoarden Probus en rôpen Karus as keizer út.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarne bewurkje seksje