It pronkriden is in typysk Nederlânske manier fan reedriden dy't ûntstien is rûn de sechstjinde iuw. It pronkriden is ien fan de âldste foarmen fan it reedriden yn Nederlân. By it pronkriden giet it der om in sa moai mooglike rydslach sjen te litten. It is de bedoeling dat op de redens lange slaggen makke wurde en riden wurdt yn in floeiende, rêstige, en lykmjittige slach. Der binne by it pronkriden ferskate ûnderdielen: sa wurdt der twa-oan-in-stok of yn blokken fan fjouwer, seis of acht persoanen riden.

Pronkride, earne yn Fryslân foar 1940
Wedstriid pronkriddden by gelegenheid fan it 50-jierrich bestean fan de Iisclub Wormerveer

Materiaal bewurkje seksje

Foar it pronkriden binne redens mei in koarte, brede, rûnslipe izers nedich.

Wedstriden bewurkje seksje

Yn 1895 waard it earste Nederlânsk Kampioenskip pronkriden foar pearen holden, yn Dimter wie dat. J.G. de Boom-Van Hasselt en Jac. Mensen waarden de earste kampioenen. Yn 1902 waard yn Swol it earste NK foar froulju hâlden en yn 1906 wie dêr ek it earste NK foar manlju.

It Nederlânsk Kampioenskip pronkriden op natueriis bestiet anno 2010 noch altyd, mar de sport is nea wier populêr wurden en wurdt foaral sjoen as in folkloristyske aktiviteit. .

Keppeling om utens bewurkje seksje