Provinsjale wei 354

De Provinsjale wei 354 of N354 is in provinsjale wei dy't de autodyk A32 by Idaard mei de Ring Snits ferbynt. De dyk bestiet yn syn hjoeddeistige foarm sûnt 1952.

N354
Langte: 38,3 km
Kaart

Fierder rint de dyk súd fan Snits by Wâldsein, oer de Brêge Spannenburch nei de A6 by Eastersee en de Tsjûkemar.

By de krusing fan de Jeltesleat yn De Hommerts is it Akwadukt Jeltesleat.

De dyk is foar it grutste part in gebietsûntslutingsdyk mei in maksimumfaasje fan 80 km/o.

Skiednis bewurkje seksje

Ynearsten wie it grutste part fan de N354 in rykswei. Yn it rykswegeplan fan 1932 waard er opnommen as Rykswei 40, dy't in ferbining tusken Raerd en De Lemmer foarme. De rykswei soe noch trochrinne yn de doe noch drûch te lizzen Noardeastpolder. Oant de drûchlizzing fan de polder yn 1942 bleau Rykswei 40 bestean. Nei de kriich waar yn it rykswegeplan fan 1948 besletten dat de ferbining mei Rykswei 43, de hjoeddeistige A7, by De Jouwer komme te lizzen soe, ynstee fan by Snits. As gefolch dêrfan waard it part tusken Snits en De Lemmer in planwei, wylst it part fan Snits en Raerd oerbleau as planrykswei 40. Lang om let waard dat part yn it rykswegeplan 1968 as rykswei skrast yn it foardiel fan de nea útfierde ferlinging fan Rykswei 50 fan De Jouwer nei de A32 besuden Akkrum.

Diken yn Fryslân  
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits