Provinsjale wei 384

De provinsjale wei 384 of N384 is in provinsjale wei fan 24,8 km yn Fryslân. De wei foarmet in ferbining tusken de N393 by Tsjummearum en de N354 by Dearsum. De N384 waard foar it meastepart yn 'e sechtiger jierren oanlein, mar it trasee tusken Frjentsjer en Winsum waard pas yn 'e midden fan de jierren santich nij oanlein en yn 1977 iepene. Benoarden Frjentsjer slút de wei oan op de A31 rjochting Harns en Ljouwert.

N384
Langte: 24,8 km
Kaart
By Doanjum

De wei is útfierd as twastrooks-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumfaasje fan 80 km/o. Yn de gemeente Waadhoeke hjit de wei efterienfolgens Kade, Hegesylsterwei, Tsjummearumerwei, Frjentsjerterwei, Boargemaster J Dijkstrawei, Lutje Lollumerwei en Suderpolderwei. Yn de gemeente Súdwest-Fryslân hjit de dyk Froonackerdyk en Harstawei.

Diken yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
Rykswegen: A6A7A31/N31A32/N32
Provinsjale diken: N351N353N354N355N356N357N358N359N361N369N380N381N383N384N390N392N393N398N910N913N917N918N919N924N927N928N979N981
Jeropeeske wei: E22
Knooppunten: Knooppunt De JouwerKnooppunt It HearrenfeanKnooppunt OerterperfallaatKnooppunt SurchKnooppunt Werpsterhoeke
Rûnwegen: Ring LjouwertRing Snits