It ROC Friese Poort (Nederlânsk foar Fryske Poarte) wie in regionaal opliedingssintrum yn Fryslân en Flevolân. De skoalle hat fêstigingen yn Dokkum, Drachten, Emmeloard, Ljouwert, Snits en op Urk. It kristlike opliedingssintrum bestiet út fjouwer ûnderdielen:

Gebouwen fan ROC Friese Poort yn Drachten
ROC Friese Poort Middelber beropsûnderwiis en edukaasje mei folslein deiûnderwiis, dieltiidûnderwiis en lear-wurktrajekten foar jongerein en folwoeksenen
⌊ Sintrum Fakopliedingen op praktyk rjochte oplieding foar bedriuwen, ynstellingen en partikulieren
⌊ Oplieding & Trening Opliedingen en treningen op maat foar bedriuwen en ynstellingen
⌊ Jûnakademy Opliedingen en kursussen foar folwoeksenen

Firda bewurkje seksje

Mei yngong fan 1 jannewaris 2023 foel de skoalle ûnder ien bestjoer mei it Fryslân Kolleezje. Mei yngong fan 1 augustus 2023 waard de fúzje definityf en giene beide organisaasjes tegearre fierder ûnder de namme Firda.