Reijnold Popma fan Oevering

Reijnold of Rynoldus Popma van Oevering (Wergea, doopt 6 jannewaris 1692 - Ljouwert, 3 novimber 1781) wie in Fryske oargelist, komponist en tsjerkemusikus.

Libbensrin bewurkje seksje

Popma van Oevering groeide op yn in fermidden fan begoedige en ûntwikkele Friezen. Syn heit, dy’t him nei alle gedachten yn it oargelspyljen oplaat hat, wie Georgius Harmannus (Jurjen Harmens) Oevering, ûnderwizer, organist en teolooch yn it doarp Wergea by Ljouwert. Syn mem wie jonkfrou Jeltsje Reinsdochter (fan) Popma, kommend fan de Roardastate (no: Museum Ald Slot) yn Wergea. De heit waard yn 1706 beneamd as organist fan de Grutte of Grutte of Martinytsjerke en leraar oan de Latynske skoalle yn Snits, dêr’t de húshâlding wenne yn de Lytse Tsjerkestrjitte.

De soan waard organist yn Ljouwert, op 16 septimber 1712 fan de Galileërtsjerke en op 26 febrewaris 1713, as stedsorganist, fan de Grutte of Jakobinertsjerke. Letter dat jier troude hy mei Sara Ketel, dy’t ek út in foarnaam laach kaam. Se krigen seis bern. Hy ûntwikkele him ta in aktyf en ynfloedryk tsjerkemusikus. Foar de Grutte Tsjerke wie in nij oargel nedich en Popma luts yn 1724 nei it westen fan it lân om in geskikte oargelbouwer te sykjen. It waard Christian Müller, dy’t it ferneamde haadoargel fan de Grutte- of Jacobinertsjerke yn Ljouwert makke, dat op 19 maart 1727 ynwijd waard troch ûnder oaren Popma sels. [1]

Hy bleau organist oant 1741. Hy wie der ek kariljonspiler en sette dat wurk fuort oant 1757. Syn frou Sara ferstoar om 1775 hinne, wêrnei’t syn pakesizzer Catharina by him ynluts om foar him te soargjen. Bekend is dat hy yn 1779 in hûs kocht yn de Sint-Jacobsstrjitte yn Ljouwert, dêr’t hy twa jier letter ferstoar op 89-jierrige leeftyd.

Wurk bewurkje seksje

Popma wie in fernijer fan de tsjerkekoarsang yn Nederlân trochdat hy om 1740 hinne de stive foardracht fan psalmsettings ferfong troch in libbene, flotte en soepele wize fan sjongen. Yn it earstoan bestie hjir ferset tsjin fanút konservative fermiddens, mar al gau ferspraten syn ideeën har út Fryslân wei oer hiel Nederlân.

Popma komponearre ek. Fan syn hân soe in boek mei psalmmeldijen bestien hawwe. Syn opus 1 bestiet út VI suittes voort’ Clavier, ferskynd om 1710 hinne by de Amsterdamske muzykútjouwer Estienne Roger en opdroegen oan Marije Louise fan Hessen-Kassel.[2] Hja wie de frou fan Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz, de steedhâlder fan Fryslân, en bespile it klavesimbel en de barokgitaar. Popma wie op dat stuit ûngefear achttjin jier en toande him mei dit opus in pionier fan het Ingelske suite lykas Bach dy fiif jier letter ek skriuwe soe (de Seis Ingelske suites).

Yn 2017 ferskynde foar it earst in komplete cd-opname fan Popma syn seis suites troch Bob van Asperen, diels op klavesimbel en diels op Popma syn 'eigen' Müller-oargel fan de Ljouwerter Grutte Tsjerke.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Bernhardt van Haersma Buma: Grote of Jacobijner Kerk te Leeuwarden. Historie en architectuur van een kloosterkerk. Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2008, side 67. ISBN 978-90330-0648-7
  2. Rynoldus Popma van Oevering, Frysk Muzyk Argyf.
  3. Bob van Asperen: Nederlandse 'Engelse suites', taljochting cd-útjefte Suittes voor 't Clavier, Aeolus, 2017.