Remagen is in stêd yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts oan de lofter kant fan de Ryn.

Remagen
Brêge fan Remagen
Brêge fan Remagen
Emblemen
               
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Ahrweiler
Stedsyndieling 6 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 17.456 (2021)
Oerflak 33,21 km²
Befolkingsticht. 526 ynw./km²
Hichte 60 m.
Oar
Postkoade 53424
Koördinaten 50° 34' N 7° 13' E
Offisjele webside
www.remagen.de
Kaart
Remagen (Rynlân-Palts)
Remagen

Skiednis bewurkje seksje

 
Brêge fan Remagen (1945)

Remagen bestiet al sûnt de romeinske tiid (as Rigomagus) en is benammen bekend woarn nei de Twadde Wrâldkriich fanwegen it fjochtsjen om de Ludendorff Brêge. De brêge wie yn it lêst fan de kriich de lêste brêge oer de Ryn dy't noch yntakt wie en waard op 7 maart 1945 troch de Amerikanen ynnommen. Tsjintwurdich is yn it brêgehaad in museum ûnderbrocht. Nei de oarloch lei súdlik fan de stêd it alliearde kriichsfinzenenkamp Goldene Meile, dêr't likernôch 253.000 soldaten fan de Wehrmacht ûnder benaud minne omstannichheden sûnder ûnderdak finzen holden waarden. Ta oantinken fan it kamp waard yn de jierren 1980 de Friedenskapelle of de Kapel fan de Swarte Madonna boud.

It besjen wurdich bewurkje seksje

Yn de stêd is de romaansk-goatyske tsjerke St. Peter und Paul it besjen wurdich. Noardeastlik fan de stêd stiet op de Apollinarisberg de Apollinariskirche.

Musea

Ofbylden bewurkje seksje