Respendial wie kening fan in groep Alanen yn Jeropa yn de earste helte fan de 5e iuw.

Skiednis bewurkje seksje

Respendial wie lieder fan ien of twa groepen Alanen dy't yn 407 by de Mainz de Ryn oerstutsen en it Romeinske Ryk ynkrongen. In oare groep waard laat troch Goar, dy't him oansluet by de Romeinen. Respendial feriene himsels yn stee dêrfan mei de Fandalen. Hy stipe dit folk yn de Slach by Mainz tsjin de Franken neidat de Fandaalske kening Godigisel sneuvele wie. Tegearre mei de Fandaalske Silingen en Asdingen en in groep Sueven teagen de Alanen troch Galje en festigen harren yn Spanje.

It fierdere libben fan Respendial is ûnbekend. Yn 426 waard syn opfolger Attaces deamakke doe't de Fisigoaten Spanje ynkrongen. De Alanen waarden letter feriene mei de Asding-Fandalen, tegearre soenen sy oerstekke nei Afrika en dêr in keninkryk stifte.

Boarne bewurkje seksje