Rhein-Pfalz-Kreis

De Rhein-Pfalz-Kring (oant 31 desimber 2003 Landkreis Ludwigshafen) is in lânkring yn it súdeasten fan it Dútske bûnslân Rynlân-Palts yn de metropoalregio Rhein-Neckar. It bestjoer hat syn sit yn de kringfrije stêd Ludwigshafen am Rhein, dy't fierder gjin diel útmakket fan de lânkring. De ferbânsfrije stêd Schifferstadt is it grutste plak wat ynwennertal oanbelanget.

Landkreis Südliche Weinstraße
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Rynlân-Palts
grutste plak Schifferstadt
tal gemeenten 25
kenteken RP
Kreisschlüssel 07 3 38
sifers
ynwennertal 154.609 (2019)
oerflak 304,92 km²
befolkingstichtens 507 / km²
oar
stifting 1969
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
koördinaten 49°25′ N 8°22′ E
webside rhein-pfalz-kreis.de

Geografy bewurkje seksje

De Rhein-Pfalz-Kreis leit yn it Boppe-Rynske leechlân. De lizzing yn de metropoalregio Ryn-Neckar mei in soad oanbuorjende kringfrije stêden en de lokaasje oan de Ryn makket dat de Rhein-Pfalz-Kreis oan in soad ferskillende distrikten grinzget, dy't yn trije ferskillende bûnslannen lizze. Yn it bûnslân Rynlân-Palts grinzget de lânkring oan de stêd Worms, Frankenthal, Ludwigshafen am Rhein, Speyer, de lânkringen Germersheim en Südliche Weinstraße, Neustadt an der Weinstraße en Bad Dürkheim.

Yn it easten foarmet de Ryn de grins fan de Rhein-Pfalz-Kreis mei de dielsteaten Hessen en Baden-Württemberg. In útsûndering is it Kollereilân op de loftse kant fan de Ryn, dat by Baden-Württemberg heart. Begjinnend yn it noarden grinzget de lânkring oan de kring Bergstraße (yn Hessen), de stêdkring Mannheim, de Rhein-Neckar-Kreis en de lânkring Karlsruhe (allegear yn Baden-Württemberg).

Stêden en gemeenten bewurkje seksje

 
Yndieling ferbânsfrije gemeenten/ferbânsgemeenten fan de lânkring Rhein-Pfalz-Kreis

Ferbânsfrije gemeenten bewurkje seksje

(Ynwennertallen op 31 desimber 2019)

    Bobenheim-Roxheim 10.096 ynwenners 20.5 km²
    Böhl-Iggelheim 10.394 ynwenners 32.8 km²
    Limburgerhof 11.461 ynwenners 9 km²
    Mutterstadt 12.844 ynwenners 20.5 km²
    Stadt Schifferstadt 20.412 ynwenners 28 km²

Ferbânsgemeenten bewurkje seksje

    Verbandsgemeinde
Dannstadt-
Schauernheim
13.573 ynwenners 33.2 km²
  Dannstadt-
Schauernheim
*
7.448 ynwenners 15.3 km²
  Hochdorf-
Assenheim
3.212 ynwenners 9.7 km²
  Rödersheim-
Gronau
2.913 ynwenners 8.2 km²
    Verbandsgemeinde
Lambsheim-Heßheim
17.000 ynwenners 37.68 km²
  Beindersheim 3.335 ynwenners 5.7 km²
  Großniedesheim 1.309 ynwenners 3.8 km²
  Heßheim 3.147 ynwenners 5.8 km²
  Heuchelheim
bei Frankenthal
1.281 ynwenners 5.8 km²
  Kleinniedesheim 946 ynwenners 3.9 km²
  Lambsheim * 6.982 ynwenners 12.8 km²
    Verbandsgemeinde
Maxdorf
12.935 ynwenners 16.9 km²
  Birkenheide 3.192 ynwenners 2.9 km²
  Fußgönheim 2.593 ynwenners 6.7 km²
  Maxdorf * 7.150 ynwenners 7.4 km²
    Verbandsgemeinde
Rheinauen
24.263 ynwenners 51.28 km²
  Altrip 7.709 ynwenners 10.5 km²
  Neuhofen 7.194 ynwenners 12.3 km²
  Otterstadt 3.475 ynwenners 15.6 km²
  Waldsee * 5.885 ynwenners 12.9 km²
    Verbandsgemeinde
Römerberg-Dudenhofen
21.631 ynwenners 54.98 km²
  Dudenhofen * 6.061 ynwenners 13 km²
  Hanhofen 2.576 ynwenners 5.8 km²
  Harthausen 3.118 ynwenners 8.4 km²
  Römerberg 9.876 ynwenners 27.9 km²

* sit fan de ferbânsgemeente

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
Rynlân-Palts
 
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise
Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück-Kreis - Rhein-Lahn-Kreis - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte
Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Spiers - Trier - Worms - Zweibrücken