Richard Liuwehert

Richard I Liuwenhert of Richard I fan Ingelân (Ingelsk en Frânsk: Richard Cœur de Lion, Ingelsk ek wol: Lionhearted) (Oxford, 8 septimber 1157Châlus by Limoges (Frankryk), 6 april 1199) wie kening fan Ingelân fan 1189 oant 1199. Hy wie de twadde soan fan Hindrik II en Eleonora fan Akwitaanje.

Ofbyld út de 12e iuw
Tombe yn Fontevraud

Richard waard yn 1172 hartoch fan Akwitaanje. Tusken him en syn bruorren wie wat striid, en ek kamen se gauris yn opstân tsjin harren heit. Doe't Richard nei de dea fan syn âldere broer yn 1183 beneamd waard as troanopfolger bûn hy opnij de striid oan mei syn heit, omdat hy syn mem har Akwitaanje ôfstean moast doe't hy kroanprins wurden wie. Hy wist dêrby de steun te krijen fan kening Filips II fan Frankryk. Nei in skeel tusken Richard en Filips sleaten se in ferdrach en begûnen oan de tarieding fan de jildslinende Tredde Krústocht.

Op de krústocht wie der wer faak spul tusken Richard en Filips. Doe 't Filips nei Akko ôfsette, ferloofde Richard him mei Berengaria fan Navarra. Hy troude mei har nei de ferovering fan Syprus yn 1191. (Hje soenen gjin bern krije; wol is bekind dat Richard in soan yn it wyld rinnen hie.) Dêrnei gie er ek op Akko ta en spile in grutte rol by de ferovering fan de stêd. Filips gie werom nei Frankryk, mar Richard gie troch mei de striid en helle in oerwinning op Saladin.

Wyls wie der in komplot op gong setten troch Filips en Richard syn broer Jan sûnder Lân. Doe't Richard hjirfan hearde sleat hy in ferdrach mei Saladin en gie werom. Op de weromreis nei Europa waard hy finzennomd troch hartoch Leopold V fan Eastenryk. It gie hjirby benammen om it krijen fan losjild. Nei it krijen hjirfan waard hy yn 1194 frijlitten.

Richard stie bekend as in fechtjas, in hurd en moedich man, mar ek mei kulturele ynteresse en humor. It is troch dizze eigenskippen dat hy de bynamme Liuwenhert fertsjinne. Hy krige dy doe't hy yn de striid tsjin Saladin sels goed meifocht. Troch syn aventoerlike oanlis en oarlochssuchtige ynstelling brocht hy Ingelân oan de râne fan de finansjele ôfgrûn.

Nei syn weromkommen yn Ingelân wist hy syn broer Jan te ûnderwerpen en naam it keningskip wer oer. Richard wie fan de tsien jier fan syn keningskip yn totaal net mear as 10 moannen yn Ingelân. Oant 1198 fierde hy fierder oarloch tsjin Frankryk. By it belis fan it kastiel Châlus-Chabrol yn Limousin waard hy troch in pylk yn syn skouder troffen en rekke dêrtroch deadlik ferwûne. Hy waard opfolge troch Jan sûnder Lân.

Richard syn harsens binne begroeven yn de Abdij fan Charroux yn Poitou, syn hert yn de katedraal fan Rouen yn Normandje en de rest fan syn lichem is bysetten, oan de fuotten fan syn âlden, yn de Abdij fan Fontevraud yn Anjou.

Stambeam bewurkje seksje

De foarâlden fan Richard I fan Ingelân
Richard I fan Ingelân
(1157-1199)
Heit:
Hindrik II fan Ingelân
(1133-1189)
Pake:
Godfryd V fan Anzjû
(1113-1151)
Oerpake:
Fulko V fan Anzjû
(1091-1143)
Oerbeppe:
Ermengarde fan Maine
(1096-1126)
Beppe:
Matilde fan Ingelân
(1102-1167)
Oerpake:
Hindrik I fan Ingelân
(1068-1135)
Oerbeppe:
Matilde fan Skotlân
(1079-1118)
Mem:
Eleönoara fan Akwitaanje
(1122-1204)
Pake:
Willem X fan Akwitaanje
(1099-1137)
Oerpake:
Willem IX fan Akwitaanje
(1071-1126)
Oerbeppe:
Filippa fan Toulouse
(1073-1118)
Beppe:
Aenor fan Châtellerault
(1103-1130)
Oerpake:
Aimery I fan Châtellerault
(1075-1151)
Oerbeppe:
Dangerose fan l'Isle Bouchard
(1079-1151)