Riis
Flagge fan Riis Wapen fan Riis
Flagge Wapen
Lokaasje fan Riis
Gemeente De Fryske Marren
Ynwennertal (2012) 163
Webstee Webside fan Bakhuzen, Murns en Riis

Riis is in Frysk doarp yn 'e Súdwesthoeke en de gemeente De Fryske Marren. It leit oan 'e noardeastkant fan 'e dernei ferneamde Rysterbosk, oan 'e wei fan Aldemardum nei Himmelum. Yn 'e 19e en 20e iuw groeide it plak troch ûntginning út ta in doarp. Foar dy tiid wie it net mear as in buorskip ûnder Bakhuzen. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 hearde Riis sûnt minskewitten ta de gemeente (en dêrfoar de gritenij) Gaasterlân. Fan 1984 oant 2014 foel it ûnder de gemeente Gaasterlân-Sleat. Riis hie yn 2012 163 ynwenners. It is benammen bekend fan it hûs Moai Gaasterlân en fan it Konkoers Hippyk Riis, dat lykwols sûnt 2005 yn 'e himrik fan it buordoarp Harich plakfynt.

Slottún Riis
Slottún Riis

Huzinge Riis bewurkje seksje

De earste eigener fan Riis wie de aadlike famylje Galama út Koudum waans stins stie oan wat no de Smitsleane by Riis hjit. De Galama's lieten de toarre heide ta fruchtbere grûn meitsje. Letter kaam it gebiet yn hannen fan de famylje Schwartzenberg. Dy lieten in Schwartzenbergfeart (no Ryster Feart) nei Kolderwâlde grave.

Markant ûnderdiel fan Riis wie Huzinge Riis, eartiids it Slot, boud troch de hear De Ruyter de Wildt. Dêr ha wenne de famylje Schwartzenberg, Jonkhear Ulbo Aylva Rengers en syn soan Lamoraal Albert Aemelius Rengers en letter de Van Swinderens. It slot is yn 1937 sloopt. Inkele jierren letter wie de grûn fan It Fryske Gea. Fan 2007 oant 2010 is der in Ingelske Slottún oanlein.

Om dit hûs kaam nei 1850 mear bebouwing. Der ferriisden inkele filla's, in hotel en wenhuzen. Ien fan de meast tekenjende filla's dy't noch bestiet is it yn 1912 boude Moai Gaasterlân. Ea wie dat in bûtenhûs fan in aadlike famylje, letter waard it in bernekoloanjehûs. Tsjintwurdich is it in medysk Bernetehûs.

Neist dizze filla stiet sûnt 1947 in kapeltsje fan de Dochters fan ús Leave Frou fan it Hillige Hert. Dizze fûnen harren oarsprong yn 1882 yn Issoudun yn Frankryk. It haadkleaster foar Nederlân stiet yn Tilburch.

Leauwe bewurkje seksje

It kristlik leauwe kaam yn de 12e iuw nei Riis. Yn 830 stifte Odolf in kapittel yn Starum. Neidat dit yn ferval rekke waard it yn 1132 omset yn in Abdij fan Benediktinen. Dizze abdij hie ûnder oare in úthôf yn Riis. Dit wie in kapel wêryn in byld fan Marije yn Fryske klaaiinge stie. Hjirtroch waard Riis in soarte beafeartoarde. Yn 1400 waard de abdij yn Starum ferwoaste. Fyftjin jier letter begûn men mei de werbou súdlik fan Starum, mar de abt en in diel fan de muontsen hiene har yn de úthôven yn Riis en Himmelum fêstige, dêr't gjin tafersjoch wie. De Abdij waard slim teheistere troch Ige Galama en opnij ferwoastge. Yn 1495 waard se fersetten nei Himmelum.

Rysterbosk bewurkje seksje

Yn de Rysterbosk stiet al mear as 190 jier in Fredestimpeltsje. Dat is dêr delset doe't keizer Napoleon nei Elba ferband waard en ús lân fan dy Frânske hearsker ferlost wie. Middenyn de bosk is no in teatertún, yn it heechseizoen wurde hjir ferskate (lytsskealige) konserten jûn en winterdeis in bysûndere krystmerk.

Begjin fan de 20e iuw stie der in stienfabryk tichtby Riis. De liemgatten binne noch werom te sjen yn de stikken lân der omhinne. Yn 1916 waarden dêr in hûnderttal Belgyske húshâldings, dy't flechtsje moasten yn de Earste Wrâldkriich, ûnderbrocht.

Mienskip bewurkje seksje

Riis is al jierren in toeristysk plak. Der binne dan ek in oantal kempings, twa hotels, fjouwer restaurants en in attraksjeparkje dat geografysk besjoen eins ûnder Aldemardum falt. Mei Bakhuzen en Murns hat Riis ien feriening foar Doarpsbelang.

Befolking bewurkje seksje

Strjitten bewurkje seksje

De Griene Leane, Inkhuzerleane, Freule van Swinderenleane, Leise Leane, Marderleane, Mientwei, Murnserleane, Smitsleane.

Iepenbier Ferfier bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
De Fryske Marren
 
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje