Rikard Nordraak (* 12 juny 1842 yn Christiania - 20 maart 1866 yn Berlyn) wie in Noarsk komponist. Hy komponearre as 18-jierrige it Noarske folksliet Ja, vi elsker dette landet („Ja, wy hawwe dit lân leaf“) nei in gedicht fan Bjørnstjerne Bjørnson .

Rikard Nordraak

Nordraak waard yn de Noarske haadstêd berne, mar studearre yn Kopenhagen. Mei 18 jier gie er nei Berlyn en studearre by Theodor Kullak en Friedrich Kiel. Hy stoar yn de âldens fan 23 jier yn Berlyn oan tuberkuloaze en waard dêr yn earsten ek begroeven. Nordraak wie in omkesizzer fan Bjørnstjerne Bjørnson en in freon fan Edvard Grieg, dy't er mei syn ideeën oer nasjonale Noarske muzyk sterk beynfloede. Foar syn dea makke Grieg in treurmars.

De 40e stjerdei fan Nordraak yn 1906 wie oanlieding om in mear represintatyf grêf stâl te jaan. Yn it ramt fan in feestdei ûntbleate de wilens âlde Bjørnson in fiif meter heech grêfmonumint, fan Noarsk granyt, op Nordraaks Berlynske grêf.

Yn 1925 waard Nordraaks stoflik omskot opgroeven en yn Oslo op it Noarsk Nasjonaal Hôf op 'en nij byset. It grêfmonumint yn Berlyn bleau ek bestean.

Yn Oslo (doetiids Kristiania) waard in stânbyld oprjochte, makke troch Gustav Vigeland yn 1911.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rikard Nordraak fan Wikimedia Commons.