In roadmovie is de algemiene namme foar in sjenre fan films dêr’t de haadpersoanen in reis yn meitsje. Dy reis stiet de hiele film troch sintraal. Faak ûndergeane de haadpersonaazjes ek in mintale reis.

Highway.
De oarspronklike trailer fan The Grapes of Wrath

It sjenre hat syn woartels yn âlde ferhalen oer epyske reizen en tochten lykas de Odyssee.

Skaaimerken bewurkje seksje

Begjin bewurkje seksje

De film begjint faak mei in situaasje dy’t de protagonisten der ta oansette harren reis te meitsjen. Dat kin wêze dat se op ‘e syk wol nei de frijheid. It paad en de reis binne dan in metafoar foar dy frijheid. Oare redenen kinne wêze dat de protagonist op syk moat nei eat of immen dy’t fier fuort is, of op de flecht is en in nij thús siket.

De reden fan de reis hoecht net altyd daliks al oan it begjin fan de film oan ’t ljocht te kommen. Der binne ek films dêr’t de protagonisten by it begjin al mei harren reis begûn binne en jo letter (fia ferhalen dy’t ferteld wurde of fia in flashback) it motyf fan de reis te sjen krije.

Ferrin bewurkje seksje

In fêst tema fan roadmovies is dat de reis de protagonisten feroaret. Sa kinne se fysyk of mintaal groeie, wize libbenslessen opdwaan, of harren âlde flaters begjinne yn te sjen.

Roadmovies binne faak ek opdield yn meardere episoades, dêr’t de protagonisten hieltyd in oare tûkelteam yn tsjinkomme dy’t oerwûn wurde moat as se fierder wolle mei harren reis.

De ein bewurkje seksje

De roadmovies einigje meast op ien fan de folgjende fiif wizen:

  • De protagonisten fin oan de ein fan harren bestimming in nij thús en bliuwe der.
  • De protagonisten komme triomfantlik oan op harren bestimming en geane wizer werom op hûs oan.
  • De reis giet troch, de lêste sêne is meastal de protagonisten dy’t it paad ôflizze.
  • De protagonisten realisearje har dat se nea wer nei hûs kinne en meitsje har sels fan kant of wurde fermoarde.
  • De film hâldt mei in iepen ein op, dêr’t neat yn dúdlik makke wurdt oer wat de protagonisten no fierder beslute te dwaan.

List fan roadmovies bewurkje seksje