In rodeoclown is in artyst dy't wurket by bollerydwedstriden, as ûnderdiel fan rodeo's. Dit berop datearret fan it begjin fan rodeowedstriden, koart nei 1900, doe't organisators fan rodeo's cowboys ynhierden om 'e taskôgers te fermeitsjen as der fertraging ûntstie by it bolleriden. Sokke lju begûnen meitiid te grutte klean te dragen, harren gesichten te smynken en har apart ark en reau ta te eigenjen.

In rodeoclown (rjochtsûnder) oan it wurk.

Doe't men yn 'e 1920-er jierren foar it bolleriden agressive brachmanen begûn te brûken, krige men ferlet fan immen dy't de bolle ôflate wylst de ôfsmiten bollerider himsels yn feilichheid brocht of troch oaren yn feilichheid brocht waard. De rodeoclown naam doe ek dat nuodlike putsje op him. It gebrûk fan in tûne troch de rodeoclown, om him mei tsjin 'e bolle te beskermjen, begûn yn 1930, en waard betocht troch in clown dy't fan Jasbo Fulkerson hiet.

Tsjintwurdich is it wurk fan rodeoclowns op grutte rodeo's yn twaen útinoar fallen, mei't der no lju binne dy't har der spesifyk op talizze om 'e bolle ôf te lieden (de saneamde 'bollefjochters'), en oaren dy't foar humoristysk fermaak soargje (de saneamde 'tûnemannen'). Op rodeo's dy't bûten Noard-Amearika holden wurde en op lytse rodeo's yn Noard-Amearika bestiet de oarspronklike dûbele funksje fan rodeoclowns lykwols noch altyd fuort.

It beskermjen fan in ôfsmiten bollerider is tige gefaarlik wurk, en dêrom drage rodeoclowns felkleurige, lossittende klean dy't mei sin sa ûntwurpen is dat se maklik stikken skuorre. Op dy manear kin in rodeoclown dus net oan 'e klean fêst komme te sitten oan 'e hoarnen fan in bolle. Under de boppeklean draacht in rodeoclown in straksittende, beskermjende útris, dy't bedoeld is om stompen fan 'e bolle op te fangen. Om in rodeoclown te wêzen hat men ferlet fan fluggens, linigens en ferstân fan bollen, sadat men ynskatte kin wat it bist dwaan sil. Nettsjinsteande alle tariedings en ûnderfining reitsje rodeoclowns dochs noch geregeldwei earnstich en soms sels deadlik ferwûne.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.