George Roger Waters (Great Bookham, Greefskip Surry, 6 septimber 1943) is in Ingelsk bassist. Hy is bekend as oprjochter, bassist en lietsjesskriuwer fan Pink Floyd. Roger Waters is de heit fan toetsenist Harry Waters.

Roger Waters
sjonger en/of muzikant
Roger Waters 2011
Roger Waters 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme George Roger Waters
nasjonaliteit Britsk
berne 6 septimber 1943
berteplak Great Bookham
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Basgitaar
jierren aktyf 1964 – No

Karriêre bewurkje seksje

Pink Floyd (1965-1985) bewurkje seksje

Roger Waters wie yn 1965 de orzjinele bassist en ien fan de oprjochters fan Pink Floyd. Yn 1985 stapte Waters mei rûzje út de band. Der bruts in perioade oan fan rjochtsaken en allerhanne juristerij, mei as ynset it rjocht om de namme Pink Floyd te brûken. Waters claimde it artistike brein fan de groep te wêzen, mar Nick Mason en benammen David Gilmour fierden oan dat sy ek gesichtsbepalend wiene. De rjochter stelde Waters yn it ûngelyk, mar kende him wol in oandiel yn de takomstige royaltys ta. Dat foarrjocht wie al earder Syd Barrett tafallen, lykwols sûnder rjochtsaak. Mei Pink Floyd had Waters alve studio-albums útbrocht.

Solo karriêre bewurkje seksje

Yn 1984 brocht Waters syn earste solo-album út, The Pros and Cons of Hitch Hiking, in plaat dy't doe tagelyk mei The Wall troch him skreaun wie. Op de plaat binne lange, stevige gitaarsolo's fan Eric Clapton te hearren. Solo hat Roger Waters fiif studio-albums útbrocht.

Priveelibben bewurkje seksje

Roger Waters waard berne yn Great Bookham, greefskip Surry, Ingelân, as soan fan in luitenant dy't seis moane foar't er berne waard omkaam by de lâning by Anzio yn Itaalje. Dat barren hat altyd fan grutte ynfloed west op it libben en de lietsjes fan Waters. Waters is fiif kear boaske en hat twa bêrn.

Diskografy bewurkje seksje

Albums bewurkje seksje

Album Utbrocht op Band Singles
The Piper at the Gates of Dawn 4 augustus 1967 Pink Floyd Flaming
A Saucerful of Secrets 29 juny 1968 Let There Be More Light
Ummagumma 7 novimber 1969
Atom Heart Mother 2 oktober 1970
Meddle 5 novimber 1971 One of These Days
The Dark Side of the Moon 1 maart 1973 Money,
Us and Them
Wish You Were Here 12 septimber 1975 Have a Cigar,
Shine On You Crazy Diamond (Part I)
Animals 21 jannewaris 1977
The Wall 30 novimber 1979 Another Brick in the Wall, Part 2,
Run Like Hell,
Comfortably Numb
The Final Cut 21 maart 1983 Not Now John
The Pros and Cons of Hitch Hiking 30 april 1984 Roger Waters The Pros and Cons of Hitch Hiking,
Every Stranger's Eyes
Radio K.A.O.S. 15 juny 1987 Radio Waves,
Sunset Strip,
The Tide Is Turning (After Live Aid),
Who Needs Information
Amused to Death 1 septimber 1992 What God Wants, Part I,
The Bravery of Being Out of Range,
Three Wishes
Is This the Life We Really Want? 2 juny 2017 Smell the Roses,
Déjà Vu,
The Last Refugee
Igor Stravinsky's The Soldier's Tale 26 oktober 2018