Roman Herzog, berne yn Landshut op 5 april 1934 - Jagsthausen, 10 jannewaris 2017 wie in Dútske politikus en lid fan de CDU.

Roman Herzog

Hy wie fan 1987 oant 1994 presidint fan it konstitúsjoneel gerjochtshôf en fan 1994 oant 1999 de sânde bûnspresidint fan Dútslân. Fan 1978 oant 1980 wie hy minister fan ûnderwiis en wittenskippen en fan 1980 oant 1983 minister fan binnelânske saken yn Baden-Wuertemberch.

Oplieding en berop bewurkje seksje

Roman Herzog studearre rjochten fan 1953 oant 1961 yn München. Oant 1964 wurke hy oan de universiteit, promofearre ta doktor en letter ta perfester. Oant 1965 wie hy ferbûn as dosint oan de Ludwig Maximilians-Universiteit yn München. Yn 1965 wiksele hy nei de Frije Universiteit Berlyn as dosint foar steatsrjocht en polityk. Hjir wie hy fan 1967 oant 1968 dekaan en in jier letter oant 1969 prodekaan fan de rjochtswittenskiplike ôfdieling. Hjirnei waard hy dosint foar Polityk oan de universiteit fan Speyer, wêr hy fan 1971 oant 1972 rektor wie.

Famylje bewurkje seksje

Roman Herzog boaske yn 1958 mei Christiane Krauss. Hja krigen twa soannen. Frou Herzog ferstoar op 19 juny 2000. Hy boaske foar de twadde kear mei Alexandra baronnes fan Berlichingen.

Partij bewurkje seksje

Sûnt 1970 wie Herzog lid fan de CDU.

Op 1 july 1994 waard Herzog bûnspresidint. Hy naam dit amt oer fan Richard von Weizsäcker oant 30 juny 1999 doe't dit amt troch Johannes Rau oernaam waard.