In romantisearring of romantisaasje is in ta roman makke wurk fan fiksje dat oarspronklik in oare foarm hie, lykas in film, tillefyzjesearje, fideospultsje of strip. Itselde begryp wurdt soms ek novelisearring of novelisaasje neamd, en tsjintwurdich komt men ek almar mear de term ferboeking tsjin (nei analogy fan "ferfilming"). Romantisearrings fan films wiene by útstek populêr foarôfgeande oan it beskikber kommen fan fideorecorders, dy't it thús (op 'e nij) sjen fan 'e film mooglik makken. Ek hjoed de dei noch meitsje romantisearrings faak diel út fan 'e marketing- of merchandisingkampanje fan grutte films. Sokke boeken wurde ornaris skreaun troch auteurs mei ûnderfining, dy't har basearje op in iere ferzje fan it senario. It is nammentlik yn 'e regel de bedoeling dat de romantisearring tagelyk mei de film ferskynt. Dêrom bestiet der foar it skriuwen fan sokke boeken almeast in strakke deadline.

In ier foarbyld fan in romantisearring is it boek Peter and Wendy út 1911, fan 'e Skotske skriuwer J.M. Barrie, dy't it basearre op syn eigen, tige súksesfolle toanielstik Peter Pan, út 1904. In letter foarbyld is de roman 2001: A Space Odyssey, fan Arthur C. Clarke, dy't basearre is op 'e film mei deselde namme út 1968 fan Stanley Kubrick. It komt ek foar dat der noch in romantisearring skreaun wurdt as der al sprake is fan in basearring op in besteande roman. Sa wie de James Bond-film Moonraker, út 1979, basearre op 'e roman Moonraker, fan Ian Fleming út 1955. De film wiek lykwols safolle fan 'e roman ôf, dat senarioskriuwer Christopher Wood opdracht krige om in romantisearring fan 'e film te skriuwen, dy't tagelyk mei de film útkaam ûnder de titel James Bond and Moonraker (om betizing mei de oarspronklike roman fan Fleming foar te kommen).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.