Romein (lettertype)

Mei romein as lettertype kinne twa ferskate saken oantsjut wurde. De namme is werom te lieden nei de stilistyske oarsprong fan dizze lettersoarte: de haadletters dy't brûkt wurde yn it Romeinske Ryk.

  • ien fan de grutte lettertypefamyljes dy't synonym binne mei skreefletters en oare antiqua-lettertypes.
  • de gewoane of rjochtopsteande fariant fan in lettertype (net-kursyf).
Romein, falsk kursyf en echt kursyf

Romein (letterstyl) bewurkje seksje

Romein is de beneaming foar ien fan de trije farianten dy't in lettertype ha kin. De oare twa binne oblyk en kursyf.