Romi Rain, echte namme: Nicole Lynn Torino (Boston, 12 jannewaris 1988), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, webcamgirl en pornografysk aktrise. Hja sette yn 2012 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in grut tal films. Ien fan har bekendste rollen wie dy fan Wonder Woman, yn Justice League XXX: An Axel Braun Parody, wêrfoar't se nominearre waard foar ferskate prizen. Yn 2018 wûn se de Xbiz Award yn 'e kategory artyste fan it jier.

Romi Rain
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte namme Nicole Lynn Torino
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 12 jannewaris 1988
berteplak Boston (Massachusetts)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Italjaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
webcamgirl, pornoaktrise
jierren aktyf 2012 – no
offisjele webside
romirain.com

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Rain waard yn 1988 berne yn Boston, yn 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Hja is fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Italjaansk komôf. Har mem stie (jierren foar har berte) as neakenmodel yn it Amerikaanske bleatblêd Hustler. Rain groeide op yn Dorchester (Massachusetts), dêr't se op 'e middelbere skoalle bekendstie as grapmakker. Ien fan har earste baantsjes hie se mei sechstjin jier, doe't se efter de toanbank stie yn in filiaal fan 'e iissalon Friendly's, dêr't se iisko's foar de klanten opskepte. Nei't se de middelbere skoalle ôfmakke hie, wurke se earst as servearster yn ferskate restaurants, en letter as winkelbetsjinde yn in Guess Jeans-kleanwinkel.

Karriêre bewurkje seksje

Yn 2006, doe't se achttjin jier wie, ferfear Rain nei Kalifornje, dêr't se har nei wenjen sette yn Los Angeles. Yn 't earstoan gie se dêr wer oan it wurk as servearster, diskear yn in steakhouse, wylst se letter in skoftke keamerfaam yn in Roosevelt Hotel wie. Yn dyselde tiid begûn Rain te wurkjen as model foar fotoreportaazjes. Dat begûn mei it tydskrift Lowrider en ferskate websiden, dêr't se foar posearre yn bikiny en linzjery. Stadichoan waarden de foto's pikanter, oant se as neakenmodel oan 'e slach gie.

Mei njoggentjin jier begûn Rain 2007 oan in nij wurkpaad as stripper, en yn dy hoedanichheid dûnse hja yn ferskate stripklubs, net inkeld yn Los Angeles, mar ek yn Las Vegas, yn 'e oanbuorjende steat Nevada. Ek wurke se in hoartsje as live-model op fakbeurzen fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, oant se webcamgirl waard foar de webside Playboy Live. Yn dy snuorje posearre se ek as neakenmodel foar ferskate spesjale edysjes fan 'e Amerikaanske Playboy. Fierders stie se syn 2013 mei in fotoreportaazje fan seis siden yn it febrewarisnûmer fan it neakenblêd Hustler, dêr't har mem eartiids ek yn stien hie.

 
Romi Rain nimt yn 2016 in Inked Award yn ûntfangst.

Yn 2012, doe't se 24 jier wie, makke Rain har debút yn in pornografyske film. As porno-aktrise wist se al rillegau in trouwe skare fans oan har te binen. Yn 't earstoan die se inkeld lesbyske sênes, mar al rillegau sette se ek útein mei heteroseksuële pornografy. Guon fan har bekendste films wiene Romi Rain: Darkside, wêryn't se foar it earst anale seks en ynterrasiale seks hie, en Justice League XXX: An Axel Braun Parody, in parody op 'e superheldefilm Justice League, wêryn't se de rol fan Wonder Woman fertolke. Foar dat optreden waard se nominearre foar ferskate prizen.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Rain begjin 2019 yn mear as 530 pornofilms spile, ûnder mear foar sokke foaroansteande Amerikaanske labels as Evil Angel, Wicked Pictures, Zero Tolerance, Jules Jordan Video, Elegant Angel, Digital Playground, New Sensations, Hustler Video, Digital Sin, Penthouse, Devil's Film, Red Light District, Diabolic Video en Adam & Eve. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, Girlfriends Films, Metro, West Coast Productions en Third Degree Films. Bûten de Feriene Steaten hat se wurke foar it Kanadeeske Mile High Media, it Dútske Magmafilm en it Frânske Vidéo Marc Dorcel. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America.

Anno 2019 hat Rain seis kear nominearre west foar in AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld). Yn 2018 wûn se de Xbiz Award yn 'e kategory artyste fan it jier. Under har karriêre hat se yn sênes spile mei kollega-aktrises as Britney Amber, August Ames, Veronica Avluv, Bridgette B, Briana Banks, Breanne Benson, Nikki Benz, Summer Brielle, Vicki Chase, Ana Foxxx, Dillion Harper, Nikita von James, Eva Karera, Lisa Ann, Brandi Love, Kendra Lust, Moriah Mills, Riley Reid, Rachel Roxxx, Nicolette Shea, Rachel Starr, Jada Stevens, India Summer en Juelz Ventura. Fierders hat Rain gearwurke mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Marco Banderas, Mick Blue, Danny D, James Deen, Erik Everhard, Manuel Ferrara, Tommy Gunn, Jules Jordan, Sean Lawless, Keiran Lee, Logan Long, Mandingo, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete, Toni Ribas, Johnny Sins, Lexington Steele, Criss Strokes, Mark Wood en Prince Yahshua.

Lichemsskaaimerken bewurkje seksje

Romi Rain is blank, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.72 m lang, mei in gewicht fan 55 kg, en cupmaat 34DDD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige gatsjes troch de earlellen hat se ek in nâlpiercing. Fierders hat Rain ferskate tatoeaazjes, dêr't de se earste fan sette liet doe't se achttjin jier wurden wie. Sa hat se in (diel fan) in feniks mei pioenroazen en kersebluossems op har rêch; fjouwer kateftige poatprinten op har rjochterkût; trije stjerren efter har rjochterear; de tekst "meneki neko" op har lofterpols; en kersen en in ivichheidswynrank om har rjochterpols hinne.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

jier priis resultaat kategory foar har optreden yn
2014 AVN Award nominearre bêste útfiering fan in striptease Soaking Wet
Xbiz Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2015 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Alektra Blue, Summer Brielle, Dahlia Sky,
Chanel Preston, Mick Blue, Erik Everhard en Ramon Nomar)
Orgy Masters 4
nominearre artyste fan it jier n.f.t.
2018 AVN Award nominearre bêste masturbaasjesêne/útfiering fan in striptease MILF Fidelity
nominearre bêste groepsekssêne (mei Giovanni Francesco, Tyler Nixon en Xander Corvus) Justice League XXX: An Axel Braun Parody
nominearre bêste aktrise Justice League XXX: An Axel Braun Parody
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne yn in feature film (mei Xander Corvus) Justice League XXX: An Axel Braun Parody
nominearre bêste aktrise (feature film) Justice League XXX: An Axel Braun Parody
nominearre bêste aktrise (feature film) Queen of Thrones: A XXX Parody
nominearre bêste artystewebside fan it jier (foar RomiRain.com) n.f.t.
wûn artyste fan it jier n.f.t.
XRCO Award nominearre bêste aktrise Justice League XXX: An Axel Braun Parody

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: