Rosamund Pike (Londen, 27 jannewaris 1979) is in Britske aktrise. Se wûn yn 2003 de European Film Award foar bêste nijkommer mei har rol as Miranda Frost yn de James Bond-film Die Another Day en yn 2005 in British Independent Film Award foar har byrol yn The Libertine.

Rosamund Pike
Rosamund Pike tn 2007

Biografy bewurkje seksje

Pike studearre Ingelske literatuer yn Oxford. Se rekke yn dy tiid befreone mei Chelsea Clinton, dochter fan eks-presidint Bill Clinton.

Yn har studintetiid stie hja al op toaniel en waard dêrtroch ek ûntdekt. Yn 2002 waard hja in ien klap bekend troch har rol fan MI6-agint Miranda Frost yn de James Bond-film Die Another Day mei Pierce Brosnan. Oant dan ta hie se allinnich lytse rollen hân yn Britske telefyzjerigen, sa as A Rather English Marriage, Wives and Daughters, Love in a Cold Climate en Foyle's War.

Yn 2004 spile Pike de rol fan Elizabeth Malet yn The Libertine, in film mei Johnny Depp, en ek yn The Promised Land, in film oer Israel en yn de filmferzje fan it kompjûterspul Doom. Neist dy films wie se ek noch de suster fan Elizabeth (spile troch Keira Knightley) yn de film Pride & Prejudice.

Neitiid fertolke hja noch mear filmrollen, mar se bleau ek yn it teater dwaande, bygelyks yn Summer and Smoke fan Tennessee Williams.

Pike spilet sello en sprekt floeiend Dútsk en Frânsk. Se wennet yn West End yn Londen en wie ferloofd mei regisseur Jos Wright, yn waans film Pride and Prejudice hja spile. Pike koe Woods al fan de universiteit. Harren brulloft gie lykwols op it lêste stuit net troch.

Filmografy bewurkje seksje

  • Gone Girl (2014) - Amy Elliott Dunne
  • The World's End (2013) - Sam
  • Jack Reacher (2012) - Helen Rodin
  • Wrath of the Titans (2012) - Andromeda
  • Johnny English Reborn (2011) - Kate Summer
  • Barney's Version (2010) - Miriam Grant
  • Surrogates (2009) - Maggie Geers
  • An Education (2009) - Helen
  • The Devil You Know (2009) - Zoe Hughes
  • Freefall (2009) - Anna (tv-film)
  • The Tower (2008) - Olivia Wynn (tv-film)
  • Fugitive Pieces (2007) - Alex
  • Fracture (2007) ) - Nikki Gardner
  • Doom (2005) - Samantha Grimm
  • Pride and Prejudice (2005) - Jane Bennet
  • The Libertine (2004) - Elizabeth Malet
  • Promised Land (2004) - Rose
  • Die Another Day (2002) - Miranda Frost
  • Foyle's War (2002) - Sarah Beaumont (tv-rige, ienris in gastrol)
  • Love in a Cold Climate (2001) - Fanny (minirige)
  • Trial & Retribution IV (2000) - Lucy (tv-film)
  • Wives and Daughters (1999) - Lady Harriet Cumnor (tv-rige)
  • A Rather English Marriage (1998) - Celia (tv-film)