Rosanna Lauren Arquette (New York City, 10 augustus 1959) is in Amerikaansk aktrise. Sy wûn foar har rol yn de film Desperately Seeking Susan in BAFTA Award en waard foar deselde rol nominearre foar in Golden Globe.

Rosanna Arquette by it Festival de télévision de Monte-Carlo yn 2012
Rosanna Arquette yn 2002

Biografy bewurkje seksje

Arquette is de dochter fan de koartswilige akteur Lewis Arquette en de dichteresse Mardi Arquette. Sy is in suster fan Patricia Arquette, David Arquette, Alexis Arquette en Richmond Arquette en de skoansuster fan Courteney Cox, dy't mei David troud is. Oant har 15e siet hja yn in hippymienskip, doe ferfarde hja op eigen manneboet nei Kalifornje en nei twa jier waard sy stadichoan bekend as aktrise op telefyzje en yn spylfilms.

De film Desperately Seeking Susan (1985) dêr't sy neist Madonna yn spile, betsjutte har grutte trochbrek.

De grutte hit Rosanna fan de Amerikaanske band Toto is oan har opdroegen.

Filmografy bewurkje seksje

Prizen bewurkje seksje

  • 1984 - BSFC Award
    • Bêste aktrise (BA) foar Baby It's You
  • 1986 - BAFTA Film Award
    • Bêste aktrise yn in byrol foar Desperately Seeking Susan
  • 1989 - Filmfestival fan Sitges
    • Bêste aktrise foar Black Rainbow
  • 1990 - International Fantasy Film Award
    • Bêste aktrise foar Black Rainbow
  • 1991 - Mystfest
    • Bêste aktrise foar Black Rainbow
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Rosanna Arquette fan Wikimedia Commons.