Rosemary Church (Belfast, 10 novimber 1962) is in Britsk-Australysk sjoernaliste, ferslachjouster, nijslêzeresse en tillefyzjeprodusinte. Hja waard berne yn Noard-Ierlân en groeide op yn Austraalje, dêr't se har sjoernalistike karriêre úteinsette by de nasjonale tillefyzjestjoerder ABC. Sûnt 1998 krige Church wrâldwiid bekendheid mei har wurk foar de nijsstjoerder CNN International.

Rosemary Church
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rosemary Church
nasjonaliteit Britsk
Australysk
berne 10 novimber 1962
berteplak Belfast (Noard-Ierlân)
etnisiteit Ulstersk
wurkpaad
wurksum as sjoernaliste, ferslachjouster,
nijslêzeresse, produsinte
medium tillefyzje
wurksum by CNN, ABC
bekend fan World Report
jierren aktyf 1984 – no
prizen Murrow Award 2006
offisjele webside
Rosemary Church op Twitter

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Church waard yn 1962 berne yn de Noardierske haadstêd Belfast, mar net lang nei har berte ferhuzen har âlden mei har nei it Ingelske Londen, dêr't se har iere jonkheid trochbrocht. Doe't se acht jier wie, emigrearre it gesin nei Austraalje, dêr't se fierder opgroeide. Nei't se de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre Church sjoernalistyk oan 'e Australyske Nasjonale Universiteit yn Canberra, dêr't se in bachelorstitel yn behelle. Neitiid learde se troch foar in doktoraat yn media en in masterskip yn 'e rjochten.

Karriêre bewurkje seksje

Nei't se har stúdzje beëinige hie, sette Church yn 1984 har karriêre útein as wurdfierster en speechwriter foar in Australysk parlemintslid. Fanôf 1986 wurke hja fiif jier lang yn it Australyske Parlemint te Canberra by de Nasjonale Media Ferbiningstsjinst (NMLS), wylst se yn dy tiid teffens as nijslêzeresse yn 't spier wie by de bulletêns fan 'e tillefyzjestjoerder Network Ten. Yn 1991 gie Church oan it wurk by de Australyske nasjonale stjoerder ABC, as ferslachjouster en nijslêzeresse foar it wichtichste jûnsnijsbulletên yn 'e Australyske steat Tasmaanje. Dêr lies se fierders ek it nijs by de simmeredysje fan it programma World at Noon.

Letter waard Church fêste nijslêzeresse foar de earste Australyske ynternasjonale satellytnijstsjinst, ATV, wylst se tagelyk as ferslachjouster yn Aazje reportaazjes makke foar de ABC. Yn 1997 wûn se mei har ferslach fan 'e oerdracht fan Hongkong troch it Feriene Keninkryk oan 'e Folksrepublyk Sina de sulverne priis op it New York Festival.

Yn 1998 joech Church har by de Amerikaanske nijsstjoerder CNN International. Dêrfoar ferfear hja nei Atlanta yn 'e Amerikaanske steat Georgia, dêr't se sûnt altyd op it CNN-haadkertier wurke hat. Foar CNN berjochte se yn har earste jierren û.o. oer de terroristyske oanfallen op 9/11 en de oarloggen yn Irak en Afganistan. Yn 2006 wurke hja as nijslêzeresse mei oan 'e ferslachjouwing oer it konflikt tusken Israel en de Libaneeske paramilitêre organisaasje Hezbollah, wêrmei't CNN in prestizjeuze Edward R. Murrow Award wûn. Yn 2009 die Church as nijslêzeresse ferslach fan it mei geweld ûnderdrukte folksprotest yn Iraan nei de ferkiezings fan 2009. Koart dêrop produsearre en presintearre se in reportaazje oer it hommels ferstjerren fan popikoan Michael Jackson.

Fierders hat Church berjochte oer û.m. de swiere ierdbeving op Haïty en it delstoarten fan it Poalske regearingsfleantúch yn Ruslân, wêrby't presidint Lech Kaczyński omkaam, yn 2010, en de stânrjochtlike eksekúsje fan Osama bin Laden en it ferstjerren fan 'e Noardkoreaanske diktator Kim Jong-il, yn 2011. Earder datselde jiers die Church ek ferslach fan 'e tsûnamy yn noardeastlik Japan en de foarfallen Arabyske Maityd, mei dêrûnder de ôfsetting fan diktator Zine El Abidine Ben Ali, yn Tuneezje, de fal fan 'e Egyptyske presidint Hosni Mûbarak en de boargeroarloch yn Lybje dy't late ta de dea fan Mûammar Kadaffi.

Church is benammen te sjen as nijslêzeresse fan it programma World Report, wêrby't se tsjintwurdich út Atlanta wei de edysje fan 1.00 oere a.m. oant 1.00 oere p.m. Hongkongtiid presintearret (8.00 a.m. – 8.00 oere p.m. Middenjeropeeske Tiid). Dêrmei is se moarns op 'e tillefyzje yn Jeropa, Afrika en it Midden-Easten en middeis yn Aazje en Oseaanje.

Priveelibben bewurkje seksje

Rosemary Church is troud en hat trije bern. Hja wennet mei har gesin yn Atlanta, yn 'e Amerikaanske steat Georgia.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.