Rostov (Russysk: Росто́в) is in lytse stêd yn de oblast Jaroslavl yn Ruslân. De stêd leit 225 kilometer noardeastlik fan Moskou oan it spoar fan Moskou nei Jaroslavl, dêr't ek de treinen fan it Transibearyske Spoar oer hinne ride. Rostov leit oan it Neromar en wurdt om it plak te ûnderskieden fan Rostov oan de Don ek wol Rostov Jaroslavski of Rostov oan it Neromar neamd. Oant de 18e iuw hiet de stêd. Rostov Veliki (Росто́в Вели́кий; Grut Rostov). De stêd heart by de Gouden Ring fan Ruslân en is in wichtich toeristysk sintrum

Rostov
Flagge Wapen
Polityk
Lân Ruslân
Oblast Jaroslavl
Sifers
Ynwennertal 30.406 (2021)
Oerflak 32 km²
Befolkingstichtens 950,19 ynw./km²
Hichte 100 m
Oar
Stifting 862
Simmertiid (UTC+3)
Koördinaten 57° 11' N 39° 25' E
Webside Side Rostov

Skiednis bewurkje seksje

Foarstedom bewurkje seksje

Rostov heart ta de âldste stêden fan Ruslân. Yn de Nestorkronyk waard de stêd foar it earst yn it jier 862 neamd. Om 988 hinne waard Rostov de residinsje fan in selsstannich dielfoarstendom fan Jaroslav de Wize, dy't fan 989 oant 1010 dêr regearee. Yn 991 ûnstie yn Rostov ien fan de earste bisdommen fan it Kiëvske Ryk.

 
Kremlyn fan Rostov

Sûnt de twadde helte fan de 11e iuw is Rostov ien fan de twa belangrykste stêden fan it foarstendom Rostov-Sûzdal, it gebiet dat de basis wie fan it moderne Ruslân. Oant de 12e iuw wie de stêd noch ferdield yn twa úteinen: in diel oan it iene ein dat bewenne waard troch de heidenske Merja, dy't dêr noch harren eigen timpel hiene. Oan it oare ein wennen de kristlike Russen. De twa folken koene it fierder goed meiïnoar fine en ferdigenen tegearre harren stêd, mar as immen fan de heidenen him dope liet, waard dy as Rus erkend en moast er it heidenske diel ferlitte en ferhûzje nei it kristlike ein.

Under grutfoarst Joeri Dolgorûki krige de stêd de tafoeging Veliki ("Grut"). Oan it begjin fan de 13e iuw wie it ûnôfhinklike prinsdom Rostov ien fan de meast belangrike politike sintra fan de Russyske foarsten. De stifter fan it prinsdom wie de âldstse soan fan Vsevolod, Konstantyn Vsevolodovitsj. De stêd makke yn syn tiid in grutte ekonomyske en kulturele oplibbing troch en wie yn fan de grutste stêden fan it noardeasten fan it Kiëvske Ryk. It gebiet fan it fersterke diel wie mei in wâl en grêft omfieme en mear as 100 hektare grut. It hie de residinsje fan prinsen, bojaren hiene dêr harren hôf en der stiene ferskate kleasters en mear as 15 tsjerken. Ien fan dy kleasters is yn de 11e iuw stifte kleaster; it noch altiten oan de kant fan it Neromar lizzende Epifanykleaster.

By de ynfal fan de Mongoalen yn 1237 bea prins Vasilko Konstantinovitsj fan Rostov tegearre mei de troepen fan prins Joeri Vsevolodovitsj fan Vladimir yn 1238 ferset yn de Slach by de Sit tsjin de troepen fan Batû Khan. Vasilko waard finzen nommen, wegere in eed fan trou ôf te lizzen en waard fermoarde. Syn soan Boris wie de opfolger, dy't yn 1262 in grutte opstân tsjin it heffen fan de Tartaaske belestings liede. Mear opstannen fan Rostov tsjin de Mongoalske twingerij folgen yn 1289, 1294, 1320 en 1382.

15e en 16e iuw bewurkje seksje

 
Untsliepeniskatedraal (1508-1512)

Yn de 15e iuw naam de politike ynfloed fan Rostov jimmeroan mear ôf. Yn 1473-1474 ferkochten de foarsten fan Rostov de lêste oerbliuwsels fan harren prinslike rjochten oan Ivan III. Nei't Rostov syn selsstannigens kwyt wie bleau de stêd lykwols in tsjerklik sintrum. Yn 1390 wie Rostov al in aartsbisdom en doe't tsaar Fjodor I fan Ruslân yn 1589 de metropolyt fan Moskou ta patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke beneamde, krige de aartsbiskop fan Rostov de status fan metropolyt.

Yn 1565 dielde Ivan de Ferskriklike it lân op yn opritsjnina's, gebieten dêr't de tsaar alle macht hie, en zemsjtsjina's, gebieten ûnder lieding fan bojaren. Rostov waard oant 1569 in ûnderdiel fan in zemsjtsjina, nei dy tiid waard it by de oprotsjnina's foege.

17e -19e iuw bewurkje seksje

 
De fêsting fan Jan Cornelius Rodenburg om it kremlyn fan Rostov

Yn de Tiid fan Rebûlje ûntkaam Rostov net oan it tragyske lot fan in soad russyske stêden. Rostov waard yn 1608 plondere troch Poalske troepen en Rostov's metropolyt Filaret, de lettere patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en de heit fan de earste tsaar fan Ruslân, Michael I, waard finzen nommen. Yn de skiednis fan Rostov wie it de lêste ynfaazje fan frjemd folk. De Nederlânske ingenieur Jan Cornelius Rodenburg liet yn de jierren 1632-1634 yn opdracht fan de tsaar in ierden fêsting om it kremlyn oanlizze. Ien fan de metropoliten fan Rostov, Iona (Jona) Sisojevitsj (1607-1690), joech opdracht ta de bou fan it ferneamde kremlyn fan Rostov. By de bou fan de fêsting koe wol wat op de ferdigeningsfunksje fan it kremlyn ynlevere wurde en dat is te sjen oan syn arsjitektuer: brede tagongspoarten en de ôfwêzigens fan sjitgatten yn de tuorren. Yn in pear dessinia ûnstie der yn it kremlyn in yndrukwekkend grut tal gebouwen fan tsjerken, wenferbliuwen en bedriuwen omfieme troch muorren mei hege tuorren. Op it katedrale plein waard in unike klokkestoel boud foar in fyftjintal ûnbidich grutte klokken. In grut diel fan it oanspronklike kremlyn bleau oant hjoeddedei bewarre.

Oan it ein fan de 18e iuw ferhûze de sit fan it bisdom Rostov-Jaroslavl nei Jaroslavl. Mei de bestjoerlike herfoarming fan 1778 waard Rostov it sintrum fan in ûjezd, in bestjoerlike ienheid binnen in gûvernemint.

Fan de twadde helte fan de 18e iuw ôf en hast oant it ein fan de 19e iuw waard yn Rostov de ferneamde Rostover Merke holden, ien fan de grutste merken fan it Ryk. Sa koe Rostov syn posysje as in wichtich ekonomysk en hannelssintrum fan it gûvernemint Jaroslavl behâlde. Yn de twadde helte fan de 19e iuw begûn in programma fan de restauraasje fan de monuminten yn it kremlyn en yn 1883 waard in kremlynmuseum iepene mei tsjerkeskatten (yn 1918 sletten).

20e iuw bewurkje seksje

 
It Spaso-Jakovlevski Kleaster (Ferlosser-Jakobkleaster)

Oan it begjin fan de 20e iuw hie Rostov 14.500 ynwenners, fjouwer skoallen, in gymnasium foar fammen, in religieuze skoalle, 21 fabriken, 22 tsjerken en fiif kleasters.

Rostov waard yn 1953 troffen troch in tornado. In pear kilometer noardwestlik fan de stêd ûntstie in warlwyn. Om likernôch 17:00 oere raasde de tornado oer it spoar de stêd yn, smiet weinen omfier en brocht dêrnei grutte skea oan de bebouwing. Parallel mei de earste tornado raasde noch in twadde en nei't dy him tegearre foege mei de oare tornado ta ien fan de kategory F2, rûn it spoar troch it kremlyn en brocht dêr grutte skea oan de tsjerken. Hast alle koepels waarden skeind en benammen de tsjerken fan Jehannes de Evangelist en Gregoarius fan Nazianze rûnen grutte skea op. De tornado ferliet de stêd wer oer it Neromar, dêr't fierdere skea feroarsake waard oan boaten en nei in skoftke lang om let syn destruktive wurking ferlear. Noch yn itselde jier sette de renovaasje fan it kremlyn útein, dy't yn 1957 foltôge waard.

Tsjintwurdich is mei útsûndering fan de Untsliepeniskatedraal mei it katedrale plein, dy't ûnder de jurisdiksje falle fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, it kremlyn yn it besit fan it museum "Rostov Kremlyn". It museum besit in grutte kolleksje fan russyske keunst, lykas in grutte samling ikoanen, skilderijen en tekenings út de 18e oant 20e iuw, hantwurk, âlde russyske manuskripen, argeologyske objekten ensafuorthinne.

De stêd makket sûnt de jierren 1970 ûnderdiel út fan de toeristyske Gouden Ring fan Ruslân.

Befolkingsûntwikkeling bewurkje seksje

Demografyske ûntwikkeling fan Rostov fan 1897 oant 2018
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002 2010 2018 2022
befolking 13.715 29.808 29.230 30.815 31.538 35.707 34.141 31.792 30.969 30.406

It besjen wurdich bewurkje seksje

 
De ferneamde klokkestoel (17e iuw) fan de Untsliepeniskatedraal

Rostov besit in grut tal monuminten. It kremlyn mei meardere tsjerken is ien fan de moaiste kremlyns fan it lân. De Untsliepeniskatedraal behearsket it sintrale plein. De katedraal waard oan it begjin fan de 16e iuw boud, mar dielen fan de legere muorren geane werom op de 12e iuw. De unike klokkestoel datearret fan de 17e iuw. Yn de klokkestoel hingje ferneamde klokken dy't elts in eigen namme ha. De grutste klok is ferneamd nei Sisojevitsj en getten yn 1688 en weecht 32 ton. Yn de katedraal wurdt it net oantaaste lichem fan Leontius fan Rostov bewarre, in otterdokse hillige dy't yn 1077 troch de heidenen fermoarde waard.

 
It sûnt 2000 rekonstruëarre Тroitse-Sеrgiev Varnitski kleaster

It diel tusken de katedraal en it mar wie troch Sisojevitsj útsocht foar syn mearke-eftige residinsje. Al it wurk waard útfierd tusken 1667 en 1694. De wichtichste bouwruken binne de Ferlossertsjerke, de Gregoariustsjerke (1670), de Jehannestsjerke (1683) en de Opstanningstsjerke (1670). Fierder binne der tal fan oare gebouwen, meardere klokketuorren en in barokke Tsjerke fan de Mem Gods fan Smolensk (1683) te sjen. Alle tsjerken binne fan binnen beskildere.

De arsjitektuer fan de tsjerken yn it kremlyn waard fierder ek yn de rest fan de stêd tapast, itjinge benammen te sjen is oan de Ferlossertsjerke-op-de Merk en de katedraal fan it Bertekleaster, dy't alletwa út de 17e iuw stamme en tichteby de muorren fan it kremlyn steane. De âldste tsjerke yn it sintrum is de yn 1565 wijde Isidorustsjerke.

By it kremlyn lizze twa kleasters oan de kant fan it mar. Rjochts fan it kremlyn leit it yn de 11e iuw stifte Bogojavlevski-Avraamjev kleaster, ek wol it Abraham-kleaster. De katedraal waard boud yn opdracht fan Ivan de Ferskriklike om dêrmei de oermastering fan Kazan te betinken en soe model stean foar in soad oare tsjerken yn de omkriten, benammen yn Jaroslavl.

De neoklassisistyske gebouwen fan it Spaso-Jakovlevski kleaster of Verlosser-Jakobkleaster, oan de râne fan de stêd en lofts fan it kremlyn, datearje foar it measte út de 18e en it begjin fan de 19e iuw.

In pear kilometer bûten Rostov leit it sûnt de jierren 2000 weropboude Тroitse-Sеrgiev Varnitski Monastir of it Trije-ienheid-Sergiev Varnitski kleaster. It 15e iuwske kleaster waard yn de jierren 1920 sletten en de measte gebouwen dêrnei ferneatige. Yn de jierren 1990 waarden de ruïnes oerbrocht nei it Trije-ienheid-Sergius Lavra; sûnt is der wer in kleaster fan makke en binne de gebouwen rekonstruëarre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Росто́в en fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Rostov