Rudi Koopmans (Ljouwert, 30 jannewaris 1948) is in earder Nederlânsk bokser en Jeropeesk kampioen.

Rudi Koopmans yn 1979

Koopmans bokste yn 1977 foar de earste kear om de Jeropeeske titel yn it healswiergewicht. Hy ferlear dat gefjocht fan de Italiaan Aldo Travesaro. It jier derop fersloech er Travesaro wol en waard Jeropeesk kampioen. Hy behâlde dizze titel oant 1984 en bleau yn de tsien partijen dat er útdage waard oerein. Yn 1984 rekke hy syn titel lykwols kwyt oan Frânsman Richard Caramanolis doe't er opjoech.

Op 28 novimber 1980 bokste Koopmans om de wrâldtitel tsjin de Amerikaan Eddie Mustafa Muhammad. Yn dat gefjocht hie der lykwols net folle yn te bringen en ferlear. Al nei trije rûnen staakte skiedsrjochter omdat fierder boksen net ferantwurde wie foar Koopmans. Neffens Koopmans hied er in kopstjit fan syn tsjinstanner krigen.

Koopmans stoppe mei boksen yn 1984 en waard letter bodyguard en ûndernimmer. Hy wie in sakepartner fan de yn 2003 likwidearre fêstgoedhanneler Bertus Lüske.