Ruy Lopéz de Villalobos

Ruy López de Villalobos (Málaga, om 1500 - Ambon, 4 april 1546) wie in Spaansk ûntdekkingsreizger.

Hy wie de earste Jeropeaan dy't Palau ûntduts. Hy ûntdekte ek Roka Partida en San Benedikto yn de Revillagigedo Arsjipel. Op 1 novimber 1542 ûndernaam Ruy López de Villalobos, mei seis skippen en 370 oant 400 man, in ekspedysje út Meksiko wei nei de Filipinen, wat doedestiids bekend wie as de San Lorenzo-arsjipel, mei de opdracht om in Spaanske machtbasis yn it Fiere Easten te festigjen. Hy joech de arsjipel de namme fan no: Las Islas Filipinas nei de doedestiidske kroanprins fan Spanje en de lettere troanopfolger Filips II. Hy waard lykwols fanwegen fijannige lânseigen folken, honger en in skipbrek twongen syn delsettingen oer te jaan en de ekspedysje te beëinigjen. Sy sochten beskûl op de Molukken, mar krigen dêr spul mei de Portegezen en waarden finzen naam.

Ruy López de Villalobos stoar oan 'tropyske koarts' yn in finzenis op it eilân Ambon. De 117 bemanningsleden, dêr't de lettere gûnverneur-generaal fan de Filipinen Guido de Lavezaris ûnder wie, dy't oerbleane en oerlibben koene ûntkomme nei Nij-Spanje (yn Noard- en Midden Amearika).