Ryksdei (Hillige Roomske Ryk)

De Ryksdei (Dútsk: Reichstag, Latyn: Dieta Imperii of Comitium Imperiale) wie de gearkomste fan it Hillige Roomske Ryk dêr't hûnderten foarsten, prinsbiskoppen, foarst-abten, ryksgreven en frije ryksstêden oan meidiene. De Ryksei wie lykwols gjin wetjouwende macht, mar mear in foarum dêr't earder oerlein waard as dat der besluten nommen waarden.

De Ryksdei yn Regensburg op in gravuere út 1675. De keizer en de karfoarsten sitte oan it haad, de sekuliere foarsten oan de lofterkant, de tsjerklike foarsten oan de rjochterkant en de fertsjintwurdigers fan de frije ryksstêden op de foargrûn.
De wapens fan de sân karfoarsten om dy fan de keizer hinne, fan it flaggeboek fan Jacob Köbel (1545)
It âlde stedhûs fan Regensburg dêr't yn 1663 de Ivige Ryksdei plakfûn

De leden wiene de ryksstannen, dy't yn trije kolleezjes ferparte wiene. De Ryksdei hie ynearsten gjin fêste lokaasje, mar fan 1663 oant de ein fan it Ryk yn 1806 hie er in permaninte sitting yn Regensburg.

Alle ryksstannen wiene ryksûnmidlik en wiene streekrjocht ûnderhearrich oan de keizer. Wylst alle ryksstannen rjocht hiene op in sit en in stim, hiene allinnich de grutte ryksstannen, de karfoarsten, foarsten en prinsbiskoppen (kolleezje fan foarsten), in yndividuele stim (Virilstimme), wylst de lytsere ryksstannen, sa as de ryksgreven en foarst-abten, rjocht hiene op in kollektive stim (Kuriatstimme) yn harren eigen bank (Curia), en de frije ryksstêden dy't by it kolleezje fan stêden hearden.

It rjocht ta stimmen hong yn it wêzen ôf fan in territoarium. As in foarst nije gebieten bemachtige troch erfskip, of op hokker manier ek mar, krige er de stimrjochten fan it bemachtige gebiet ek yn hannen. Oer it algemien wiene de leden faak sels net oanwêzich by de Ryksdei yn Regensburg, mar stjoerden fertsjintwurdigers. De lettere Rydsdagen wiene winliken in permaninte gearkomsten tusken ambassadeurs fan de ryksstannen.

Skiednis bewurkje seksje

De rol en de funksje fan de Ryksdei, en it Ryk sels, feroare troch de iuwen hinne. De ryksstannen en de ferskate gebieten krigen hieltyd gruttere selsstannigens en lutsen harren hieltyd minder fan de keizer oan. Ynearsten wie der gjin fêste tiidstip of plak foar de Ryksdei. It begûn as in gearkomste fan kriichshearen, of hartoggen, fan de âlde Germaanske stammen dy't it Frankyske keninkryk foarmen, doe't wichtige besluten nommen wurde moasten, en waard mooglik basearre op de âlde Germaanske wet, dêr't eltse lieder ôfhinklik wie fan de stipe fan syn eigen stamme.

Yn 777, yn de Saksekriich, hold Karel de Grutte in Ryksdei yn Paderborn, neffens de Keninklike Frankyske Annalen, en dêr waard offisjeel de wetten bepaald oer de oermastere Saksen. Yn 803 waard de lêste ferzje fan de Lex Saxonum troch de Frankyske keizer opstelle litten.

Op de Ryksdei fan 919 yn Fritzlar keazen de hartoggen de earste kening fan Dútslân, de Saks Hindrik de Fûgelder, dêr't de tsjinstelling tusken Franken en Saksen oerwûn waard en it grûnwurk lein waard foar it Dútske Ryk. Nei it oermasterjen fan Itaalje, waard yn 1158 de Ryksdei fan Roncaglia holden dêr't fjouwer wetten befêstige waarden dy't de grûnwet fan it Ryk ( nea offisjeel opskreaun) yngripend feroaren. Dat betsjutte lykwols it begjin fan de ôfnimmende macht fan de keizer ta de geunst fan de pleatslike lânshearen. De Gouden Bul fan 1356 stelde it konsept fan de lânshearskip fêst, dy't de selsstannigens fan de lânshearen oer harren gebieten fêststelde. Ek it tal karfoarsten waard weromkrongen ta sân. De paus wie nea belutsen by de ferkiezingsproses, mar wie allinnich belutsen by de kroaning fan dyjinge dy't troch de karfoarsten keazen waard.

Oant de lette fyftjinde iuw wie de Ryksdei noch gjin formeel ynstitút. Yn plak dêrfan kammen de hartoggen en oare foarsten byinoar oan it hof fan de keizer. Sokke gearkomsten waarden ornaris ferwiisd as hofdagen. Yn 1489 waard de Ryksdei offisjeel "Ryksdei" neamd, en waard it ferparte yn ferskate kolleezjes (collegia).

Ynearsten wiene der twa kolleezjes: dy fan de karfoarsten en dy fan de oare foarsten en hartoggen. Letter waarden de frije ryksstêden, stêden dy't ryksûnmidlik wiene en winliken oligargyske republykjes dy't selsstannich fan de pleatslike lânshear wiene en dus streekrjocht ûnder de keizer stiene, erkend as it tredde kolleezje.

Der waard fan de Ryksdei fan 1495 ôf ferskate kearen besocht en herfoarmje it Ryk om it stadichoan útinoarfallen dêrfan te stopjen. Dat wie om 'e nocht en by de Frede fan Westfalen yn 1648 barde it omkearde. De keizer syn macht waard fierder beheind, dêr't er winliken allinnich noch mar yn namme hearske, en moast alle besluten fan de Ryksdei oannimme. Fan doe ôf oant de ein fan it Ryk yn 1806 wie it Hilllige Roomske Ryk net mear as in samling fan selsstannige steaten.

De meast bekende Ryksdagen waarden holden yn Worms yn 1495, dêr't de ryksherfoarming foarsteld waard, en yn 1521 dêr't Marten Luther yn de ban dien waard (Edikt fan Worms). Ek dy fan Spiers fan 1526 en 1529 (de protestaasje fan Spiers) en guon yn Neurenberch wiene bekend. By de Ivige Ryksdei fan Regensburg yn 1663 waard de Ryksdei tenei op in fêst plak holden.

Meidoggers bewurkje seksje

Fan 1489 ôf bestie de Ryksdei út trije kolleezjes:

Karfoarsten

De karfoarsteried (Kurfürstenrat), waard laat troch de prinsbiskop fan Mainz as aartskânselier fan Dútslân. De sân karfoarsten waarden oanwiisd troch de Gouden Bul fan 1356:

  • trije tsjerklike foarsten, de prinsbiskoppen:
    • de prinsbiskop fan Mainz as aartskânselier fan Dútslân
    • de prinsbiskop fan Keulen as aartskânselier fan Ryksitaalje
    • de prinsbiskop fan Trier as aartskânselier fan Boergonje
Foarsten

It kolleezje fan ryksfoarsten (Reichsfürstenrat of Fürstenbank) befette de ryksgreven, oare prinsbiskoppen en foarst-abten. It kolleezje hie in soad leden, en besocht foar harren belangen op te kommen tsjin de dominânsje fan de karfoarsten. Der wie lykwols in soad ûnienichheid yn it kolleezje.

It kolleezje fan foarsten wie ek ûnderferparte yn in tsjerklike en in sekuliere bank. Nijsgjirrich is dat de tsjerklike bank ûnder it haad stie fan de sekuliere aartshartoch fan Eastenryk en de Boergondyske hartoch fan de Habsburchske Nederlannen.

Elts lid fan it foarstekolleezje hie in yndividuele stim (Virilstimme) of in kollektive stim (Kuriatstimme). De yndividuele stim fan de foarsten hong ôf fan it tal lienmannen en late ta in stikmannich stimmen wannear't in foarst oer ferskate gebieten yn in personele uny hearske. Greven en hearen hiene allinnich mar rjocht op kollektive stimmen. Dat late ta it ferienjen fan sokken yn ferskillende kolleezjes en oare fúzjes yn de Swabyske, Frankyske en Nederrynsk-Westfaalske Kreitsen. Soks barde ek op de tsjerklike bank, dêr't foarst-abten by in Swabyske of Rynlânske kolleezje oansletten.

By de Dútske Mediatisearring yn 1803 waarden ferskate tsjerklike gebieten anneksearre troch sekuliere steaten. It kolleezje fan foarsten hold op te bestean by it opheffen fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806.

Stêden

It kolleezje fan frije ryksstêden (Reichsstädtekollegium) ûntstie yn 1489. De kollektive stimmen fan de stêden telde ynearsten net sa swier mei as dy fan de oare kolleezjes, en wiene earder advysstimmen. Nei de Ryksdei fan Augsburg yn 1582 feroare dat. It kolleezje waard laat troch it stedsbestjoer fan de stêd dêr't de Ryksdei holden waard. Yn 1663 waard de Ivige Ryksdei yn Regensburg holden en tenei waarden alle Ryksdagen dêr holden.

De frije ryksstêden wiene ek ferdield yn in Swabyske en Rynlânske bank. De Swabyske stêden waarden laat troch Neurenberch, Augsburg en Regensburg. De Rynlânske stêden waarden laat troch Keulen, Aken en Frankfurt. De measte frije ryksstêden ferlearen harren selsstannigens by de mediatisearring.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References en Bibliography op dizze side.