Rykslânbouwinterskoalle (Drachten)

De Rykslânbouwinterskoalle (RLWS) is in eardere skoalgebou foar agrarysk ûnderwiis yn it Fryske plak Drachten. It oarspronklike, út de jierren tweintich datearjende part fan it skoalgebou is fan algemien belang om reden fan de kultuerhistoaryske, de arsjitektuerhistoaryske en de stêdeboukundige wearde en stiet dêrom sûnt novimber 2007 op de list fan ryksmonuminten yn Drachten.

Rykslânbouwinterskoalle (Drachten)
bouwurk
De Rykslânbouwinterskoalle yn 2015
De Rykslânbouwinterskoalle yn 2015
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Torenstraat 12
bysûnderheden
type bouwurk Skoalle
boujier 1920 - 1922
arsjitekt Cees Rienks de Boer
boustyl Ynterbellumarsjitektuer
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 527230
Sydkant fan it gebou
Glês-yn-leadrút fan Theo Van Doesburg boppe de haadyngong fan de eardere skoalle

Beskriuwing bewurkje seksje

 
De eardere konzjerzjewent by skoalle is in gemeentlik monumint

De Rykslânbouwinterskoalle is fan 1920 oant 1922 boud, foarearst neffens it ûntwerp fan R. Wibbelink. Nei dy syn ferstjerren hat gemeentearsjitekt Cees Rienks de Boer it ûntwerp foltôge en binne de wurksumheden ûnder syn lieding útfierd troch de Drachtster timmerman/oannimmer Hendrik Hendriks. De bou fan de RLWS is ta stân kommen as gefolch fan in grutter ferlet fan foarljochting en ûntwikkeling op agrarysk mêd oan it begjin fan de tweintichste iuw. Se woene graach in permaninte ûnderwiisrjochting dêr't winterdeis lânboukursussen jûn wurde koene.

De RLWS is boud yn de ynterbellumstyl. It gebou hat troch Theo van Doesburg ûntwurpen glês-yn-leadruten, dy't boppe de eardere haadyngong oan de Torenstrjitte 12 ("Kleine Pastorale") en yn de linker sydgevel (Houtlaan) te plak binne fan it trapportaal op de ferdjipping ("Grote Pastorale"). Dizze glês-yn-leadruten binne nei in tentoanstelling yn de jierren sechtich yn Eindhoven by fersin spegele werompleatst. Yn 1989 binne alle glês-yn-leadruten restaurearre. De ûntwerpen fan Van Doesburg litte fjouwer stilearre, hast abstrakte lânarbeiders sjen: in spitter, in meaner, in siedder en in roaier.

Van Doesburg ûntwurp foar it houtwurk fan it eksterieur en ynterieur ek in kleureskema mei de sekundêre kleuren fiolet, oranje en grien, wêrmei't er de skoalle yn ferbân bringe woe mei de oan de oare kant fan de strjitte lizzende wenningen fan de Pappegaaiebuert dy't fan primêre kleuren foarsjoen binne. Omdat doe in soad opskuor ûntstien wie oer de kontroversjele kleuren, binne se net oanbrocht. De direkteur fan de skoalle en de ynspekteur fan it lânbouûnderwiis fûnen dat "dizze net befoarderlik wiene foar de rêst fan de learlingen en foar harren oandacht by it ûnderwiis". Yn 1988 is dochs noch it houtwurk fan de skoalle foarsjoen fan de ea plande oranje-grien-fiolette kleurekombinaasje. De skoalle hat yn 'e rin fan 'e tiid ferskate ferbouwingen en útwreidings ûndergien, mar it haadfolume bleau foar in grut part yntakt.

Yn de jierren 90 besleat AOC Friesland al it middelber beropsûnderwiis (nivo 3 en 4) te konsintrearjen yn Ljouwert. Sûnt dy tiid is it skoalgebou net mear as sadanich yn gebrûk.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: