São Miguel (eilân)

São Miguel is in eilân fan de Azoaren-arsjipel yn de Atlantyske Oseaan.

Lizzing
Utsjocht op Ponta Delgada
Lânskip fan Sete Cidades

São Miguel, ek wol bekend as it "Griene Eilân," hat in oerflakte fan 759 km² en is dêrmei it grutste eilân fan de Azoaren, mei 140.000 ynwenners is it teffens it eilân mei de measte ynwenners. It grutste part fan de befolking wennet yn de haadstêd Ponta Delgada.

Oan de westkant fan it eilân leit de Sete Cidades, in prachtich natoergebiet. It bestiet út in fulkaankrater mei in omtrek fan 12 km dêr't in twatal marren yn lizze. "Lagoa das Furnas" en "Lagoa de Fogo" binne twa oare kratermarrren.

Yn it easten fan São Miguel binne de waarme (swavel- en izerhâldende) boarnen en de botanyske tunen "Terra Nostra" yn Furnas. Yn de waarme grûn by de boarnen wurdt de lokale spesjaliteit de "Cozido" tamakke yn grutte yngroeven pannen. Cozido bestiet út grienten, ierdappels en fleis of fisk.

Op it eilân wurde û.o. tee, bananen en passyfruchten ferboud.

Keppeling om utens bewurkje seksje