Súdlike Orkneyeilannen

De Súdlike Orkneyeilannen is in arsjipel yn de Súdlike Oseaan, likernôch 375 km noardeastlik fan it fierste útein fan it Antarktysk Skiereilân.[1] It totale oerflak beslacht sa'n 240 km2.

Kaart fan de Súdlike Orkneyeilannen
Signy Island basis en panorama

De eilannen binne sûnt 1962 part fan it Britsk Antarktysk Territoarium (earder wiene sy in Falkland Islands Dependency), en de British Antarctic Survey hat in basis op it eilân Signy. De eilannen wurde ek opeaske troch Argentynje as part fan de provinsje Tierra del Fuego, dat de Argentynske marine hat in permaninte basis op Laurie-eilân sûnt 1904. Utsein it basispersoniel binne dêr gjin fêste bewenners. Under it Antarktysk Ferdrach fan 1959 kinne de eilannen lykwols frij brûkt wurde foar net-miltêre doelen.

Skiednis bewurkje seksje

 
Basis Signy Island
 
De Scotia foar anker by Laurie-eilân. 1903

De Súdlike Orkneyeilannen waarden ûntdutsen yn 1821 troch twa seehûnejagers, Nathaniel Brown Palmer en George Powell. De eilannen waarden yn it earstoan Powell's Group neamd en it haadeilân waard Coronation Island (Frysk: 'Kroaningseilân') om't yn dat jier Kening George IV op de troan kaam. Yn 1823 brocht James Weddell in besite oan de arsjipel en joech it syn tsjintwurdige namme (nei de Orkneyeilannen yn Skotlân). Guon oare eilannen krigen ek in oare namme fan him.

Dêrnei waarden de eilannen faak besocht troch seehûnejagers en walfiskjagers, mar yngeand ûndersocht binne se earst troch de ekspedysje fan William Speirs Bruce op de Scotia yn 1903, dy't op Laurie oerwintere. Bruce ferkende de eilannen en festige der in meteorologysk stasjon, dat ferkocht waard oan de Argentynske steat doe't er de arsjipel ferliet yn 1904. Dy basis krige yn 1951 in nije namme, Orcadas, en is no (2007) noch yn it wurk. It is it âldste ûndersyksstasjon yn de Antarktyske kontrei dat hieltyd troch bemanne west hat.

Yn 1908 ferklearre it Feriene Keninkryk har soevereinens oer ferskate Antarktyske en Súd-Amerikaanske gebieten "to the south of the 50th parallel of south latitude, and lying between the 20th and the 80th degrees of west longitude", de Súdlike Orkneyeilannen derby.[2] De eilannen waarden dêrnei bestjoerd as part fan de Falkland Islands Dependencies. Yn 1947 waard in ûndersyksstasjon op Signyeilân stifte foar de British Antarctic Survey. Yn 1962 kamen de eilannen by it nij stichte British Antarctic Territory.

De Argentynske kleem op de eilannen datearret fan 1925. It waard yn 't earstoan fan Argentynje legitimearre út reden fan de al besteande basis op Laurie-eilân, mar waard letter part fan in mear wiidfiemjende territoariale eask.[3]

Geografy en klimaat bewurkje seksje

De eilannen lizze tusken 60°30' oant 60°83' suderbreedte, en 44°25' oant 46°25' westerlingte in de Súdlike Oseaan.

De arsjipel bestiet út fjouwer haadeilannen. 'Coronation Island' is de grutste mei 30 km lingte; it heechste punt is dêr Mount Nivea mei 4153 m boppe seenivo. Laurie-eilân leit it meast eastlik yn de arsjipel. De oare grutte eilannen binne Powell en Signy Island. Lytsere eilannen binne Robertsoneilân, de Saddle-eilannen en Acuna-eilân. It totale oerflak fan de arsjipel is sa'n 240 km², dêr't 90% fan mei iis bedutsen is.

De Inaccessible Islands (Frysk: de Untagonklike Eilannen), sa'n 15 seemilen nei it westen, wurde ek ta de Súdlike Orkney's rekkene.

It klimaat is der yn it generaal kâld, wiet en winich. De simmers binne kâld en koart (desimber oant maart) mei trochsneed temperatueren sitte om de 2°C en sakje yn de winter nei sa'n −10 °C (yn july). De heechste en leechste temperatueren kinne efterelkoar sa'n 12 °C en −44 °C bedrage. De see om de eilannen hinne is beferzen fan let yn april oant novimber.

Nettsjinsteande it hurde klimaat is der dochs fegetaasje, dy't ta de Scott See Eilannen toendra ekoregio heard mei ek Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen, de Súdlike Shetlandeilannen en Bouveteilân. Al dy eilannen hawwe toendrafegetaasje dy't fral bestiet út moassen, koarstmoassen en algen. Seefûgels, seehûnen en pinguins foerazjearje yn de omlizzende wetters.

Undersyksstasjons bewurkje seksje

De twa lannen dy't de arsjipel as harres beskôgje hawwe ûndersyksstasjons op de arsjipel.

  • De Orcadas basis (Argentynje) (sûnt 1904 – as waarstasjon kocht fan de Skotske wittenskipper William Speirs Bruce yn 1904)
  • Signy Island (sûnt 1947)

Sjoch ek bewurkje seksje

Referinsjes bewurkje seksje

  1. Antarctica: Secrets of the Southern Continent s. 122, David McGonigal, 2009
  2. International law for Antarctica s. 652, Francesco Francioni and Tullio Scovazzi, 1996
  3. Exploring polar frontiers: a historical encyclopedia, Volume 2, pp. 34–35, William James Mills, 2003

Keppelings om utens bewurkje seksje