Sûkereiplanten (skaai)

(Trochferwiisd fan Sûkerei)

De sûkereiplanten, of koartwei sûkerei, (Cichorium) foarmje in skaai út de famylje fan 'e hynsteblomplanten (Compositae of Asteraceae). Ta dit skaai hearre wytlof en andyvje.

sûkereiplanten
Wylde sûkerei (Cichorium intybus).
Wylde sûkerei (Cichorium intybus).
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): asteriden
(sûnder rang): kampanuliden
skift: hynsteblomeftigen (Asterales)
famylje: hynsteblommen (Asteraceae)
ûnderfamylje: sûkereiplanten (Cichorioideae)
tûke: sûkereiplanten (Cichorieae)
ûndertûke: sûkereiplanten (Cichoriinae)
skaai: sûkereiplanten (Cichorium)
Linnaeus, 1753

Tapassing bewurkje seksje

De mealde woartels waarden, foaral yn de 19e iuw, en wurde as ferfanging fan kofje brûkt fanwegen it hege inulinegehalte. No wurdt sûkerei wer op frijwat grutte skeal boud út reden fan inulineproduksje en it meitsjen fan fruktoazesjerp. Hjirfoar binne ferskate rassen selektearre, dy't in bettere woartelfoarm, in hegere woartelproduksje en in heger inulinegehalte hawwe dan de oarspronklike wylde sûkerei.

 
Personiel fan sûkereifabryk yn Twizel, ±1900
 
Sûkereidrûgerij J. Annema, Ikkerwâld 1904

De jonge sûkereiblêden kinne yn de maitiid brûkt wurde yn salades, mar se smeitsje tige bitter. Mei Peaske waarden de blêden wol iten by bret laam.

Skiednis fan de sûkereitylt yn Fryslân bewurkje seksje

De sûkereitylt begûn yn Fryslân yn de 18e iuw. It wie it tiidrek dat kofje hieltyd djoerder waard troch oarloggen en blokades dêroan anneks. Opmerklik is dat de tylt fan kofjesûkerei (Cichorium intybus var. sativum) nei de delfal fan Napoleon, dat nei it ferdwinen fan hannelsblokkades, krekt mear opgong makke.

De sûkereitylt waard yn Fryslân propagearre troch P. A. Bergsma en dûmny J. H. Nieuwold fan Wergea, dy't as earste sûkerei boude en rustere yn Fryslân. Yn 1798 hie Jan Bokma te Ljouwert in sûkereifabryk; it bedriuw hat oant 1963 bestien.

De sûkereitylt naam meastal net mear as trije persint fan it boulân yn, fral yn It Bildt, Ferwerderadiel, West-Dongeradiel en Dantumadiel. Dochs wie it de hiele 19e iuw 75 - 95 % fan de Nederlânske produksje.

De sûkereitylt fergrutte de wolfeart fan de lytse boeren en foaral dy fan arbeiders: mei perseelsjebou koene sy de wurkkrêft fan harren húshâldings benutsje. Fabrikanten joegen wol foarskotten op de rispinge, mar it minste risiko joech it gebrûk fan los lân yn dielpacht: it risiko wie dan spraat en de ferbou koe regele wurde neffens de wikseljende prizen, dy't troch de bûtenlânske merk diktearre waard.

De fabriken kochten de wiete woartels, ferwurken dy yn de iest (drûgerij) en de branderij en ferstjoerden it einprodukt as kofjesurrogaat meast nei Ingelân en Dútslân.

Yn de 20e iuw rekke de ferbou yn it delgean, útsein in oplibbing yn de Earste- en Twadde Wrâldkriich. Tusken de oarloggen wie der yn Fryslân noch sa'n 645 ha sûkerei (yn hiel Nederlân 1015 ha) mei in opbringst fan sa'n 25.000 kg woartels; yn 1950 noch 1 ha fral yn de Wâlden (Nederlân 404 ha mei in opbringst fan 40.000 kg).

Soarten bewurkje seksje

  • Andyvje: (Cichorium endivia L.)
  • Wylde andyvje: (Cichorium pumilum)
  • Wylde sûkerei: (Cichorium intybus) mei kweekte rassen
  • Wytlof : Cichorium intybus L. var. foliosum Hegi
  • Readlof : Cichorium intybus L. var. foliosum
  • Grienlof : Cichorium intybus L. var. foliosum
  • Radicchio : Cichorium intybus L. var. foliosum

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Cichorei.

  • [1] Tylthânlieding fan sûkerij