De Sûmearjers binne in folk út de aldheid dy't om-ende-by 3.500 f.Kr. yn de skiednis ferskine en in ryk stiften hawwe (Sûmearje) dat sjoen wurdt as ien fan de earste beskavingen fan de wrâld. Harren beskaving kaam foart út it Ubaid-folk dy't op de flakten tusken de Eufraat en Tigris al yn de 6e Millennium f.Kr. in bloeiende kultuer fan boerenmienskippen hienen. Wêr't dit folk krekt fuortkamen is net alhiel dúdlik, neffens guons kamen sy út Anatoalje, mar ek Yndia en de omkriten fan de Kaspyske See is mooglik. De taal dy't sy sprutsen wie it Sûmearysk, dêr't mar in hiel bytsje fan bekend is.

Sûmearyske ryk bewurkje seksje

Sûmearje, it ryk fan de Sûmearjers wurdt lokalisearre yn it súdlike part fan Mesopotaamje (yn distiid súdeast Irak), dêr't de rivieren Eufraat en Tigris yn de Perzyske Golf útmûnet. Sels neamden sy har lân ki-en-gir (it lân fan de beskaafde hearskers). Tegearre mei it noardlik lizzend gebiet Akkad makke it part út fan it Twastreamenlân.

De Sûmearjers wienen it earste folk dat wetten makken en stêdsteaten foarmen. It tsjil is nei alle gedachten ek troch har útfûn. Sy koenen ek al hiel goed dingen mjitte en bestudearren ûnder oare it hielal.

It fruchtbere lân fan de Sûmearjers loeken oare folken nei it gebiet ta, benammen de omhinne wenjende nomadyske folken besochten har hieltyd dêr ek te festigjen. As om-ende by 1900 f.Kr. de Amoriten de macht oernimme yn Sûmearje binne de Sûmearjers net mear as apart folk te ûnderskieden.

Sjoch ek bewurkje seksje